De waach fan Dokkum waard yn 1754 boud as bûterwaach en ferfong in earder bouwurk út 1593.

Yn it gebou siet oan de súdkant ek de militêre wacht. Op de súdgevel stiet it wapen fan Fryslân tusken ta liuwen. Oan de noardgevel (dêr't it Wapen fan Dokkum op stiet) wie oarspronklik in bûterwaach. Op de gevelstien stiet de tekst Weegt en Waakt, dat seit wat oer de oarspronklike dûbelde funksje fan de Waach as waachgebou en en dat it gebou plak bea foar de haadwacht.

De lufel waard yn de 18e iuw taheakke.

Nei't it gebou de funksje fan waach ferlear, hat it ûnder oare tsjinst dien as stalling foar brânwarspuiten, plysjeburo, âldheidskeamer en VVV-kantoar. Sûnt 1998 wurdt it gebou brûkt as restaurant.

Kategory:Bouwurk yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel Kategory:Bouwurk yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk yn Dokkum Kategory:Waachgebou yn Fryslân Kategory:Fryske hoarekagelegenheid Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1998 Kategory:Bouwurk út 1593 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1754 Kategory:Bouwurk út 1754