thumb|Fersetsmonumint yn Makkum thumb|De diereriem Antje (Nina) Baanders-Kessler (Ljouwert, 28 febrewaris 1915 - De Rûne Feanen, 20 juny 2002) wie in Nederlânske byldhouwer en medaljeur.Ryksbureau foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje

Libben en wurk Nina Baanders-Kessler waard berne as dochter fan Jacob Kessler, slachter yn Ljouwert, en Elizabeth Anna Bijl. Se waard ferneamd nei har beppe Antje Kessler-van der Berg, se neamde har lykwols Nina.

Yn 1934 waard Nina Kessler talitten ta de Ryksakademy fan byldzjende keunsten, dêr't se de dei-oplieding byldhouwen folge by Jan Bronner. Se makke nei har stúdzje in reis nei Parys en Wenen en fêstige har wer yn Ljouwert, dêr't se in eigen atelier hie oan de Iebuert. Se wie de earste Fryske byldhouster, pas mear as tweintich jier letter fêstigen har ûnder oaren Maria van Everdingen en Suze Boschma-Berkhout yn Fryslân. Se boaske yn 1942 mei arsjitekt Ambrosius Baanders, se wennen earst tegearre yn Huzum, letter yn Amsterdam en Vinkeveen.

Wurken (kar-út)

1940 slútstien mei wapen riedhûs, Koudum 1940 stiennen mei wapens fan Ljouwert en Fryslân foar de Wurdumerpoartebrêge (ek Beursbrêge), Ljouwert 1947 plakette Theo van Welderen Rengers, Oentsjerk 1948 tableau foar master A.J. Lok, Ravenswâld 1952 fersetsmonumint (frouwefiguer), Makkum 1964 búste Johan Bendien, Amsterdam

Sjoch ek List fan Nederlânske byldhouwers

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk medaljeur Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk medaljeur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 2002