thumb|left Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne in kloft eilannen oan de râne fan de Skotiasee yn de súdlike Atlantyske Oseaan, hja foarmje in ûnderdiel fan de Skotiarêch.

De eilannekloft is in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk en wurdt fanút de Falklâneilannen bestjoerd (ôfstân: 1455 km). De eilannen wurde ek klaimd troch Argentynje en wiene ynset ûnder de Falklânoarloch. Oarspronklik wiene de eilannen yndield by de Falklâneilannen, mar yn 1985 waarden Súd-Georgje en de Súdlike Sandwich eilannen as in apart territoarium foarme.

Skiednis Alhoewol't de eilannen op it heden gjin permaninte befolking hawwe, waard Súd-Georgje yn de 19e iuw as útfalsbasis brûkt foar de walfiskfeart. Sûnt 1908 binne de eilannen yn Britske hannen en oant 2001 hiene de Britten dêr in lytse basis fêstige. Dy basis wurdt tsjintwurdich brûkt foar permanint wittenskiplik ûndersyk. Ek is der in biologysk ûndersyksstasjon fêstige op Fûgeleilân.

Geografyske yndieling Geografysk wurde de eilannen sa yndield: Súd-Georgje: Súd-Georgia Annenkoveilân Fûgeleilân Coopereilân Gerseilân Pickersgilleilannen Wolkomeilannen Williseilannen Swarte Rotsen Ielskolfersrotsen Clerkerotsen Súdlike Sandwicheilannen: Traversayeilannen Zavodovski-eilân Leskoveilân (lytste) Visokoi-eilân Lichtmiseilân Vindicatie-eilân Saunderseilân Montagu-eilân (grutste) Bristoleilân Súdlike Tule-eilannen Bellingshauseneilân Cookeilân (moat net betize wurde mei de Cookeilannen, yn de Grutte Oseaan) Tule-eilân

Kategory:Oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk Kategory:Ofhinklik gebiet yn Súd-Amearika Kategory:Ofhinklik gebiet yn Antarktika Kategory:Spesjaal territoarium fan de Jeropeeske Uny Kategory:Eilân yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Histoaryske Britske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1985