Wiebe Nijenhuis (Snits, 30 jannewaris 1955 – Drylts, 1 april 2016)Stjerberjocht fan Wiebe Nijenhuis wie in sterke man út Snits.

Doe't er 27 jier âld wie waard er yn 1981 winner fan de earste wedstryd foar ferkiezing fan de Sterkste Man fan Fryslân yn de Fryslânhal yn Ljouwert. Dy wûn er nochris yn 1982 en 1983. Op it program stienen ûnderdielen as stêven bûge, bierfetten lade en froulju optille mei de earms foarút. Nijenhuis wie benammen goed yn Powerliften.

Nei syn karriêre bleau er aktyf yn de sport. Sa wie er in wike foar syn dea noch skiedsrjochter by it Frysk kampioenskip gewichtheffen. Nijenhuis ferstoar hommels yn de âldens fan 61 jier.

Persoanlik Nijenhuis hie in fytswinkel yn Snits en fierde it 25 jierrich bestean fan de saak op 1 septimber 2015.

Kategory:Frysk krêftsporter Kategory:Frysk skiedsrjochter Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Drylts Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 2016