Fersoargingsplak Breesândyk is in fersoargingsplak oan de A7 Saandam-Bad Nijeskâns op de Ofslútdyk. It leit oan de súteastkant fan de A7, mar te berikken foar alletwa rjochtingen troch in fiadukt. It heart ta de gemeente Súdwest-Fryslân.
It fersoargingsplak is neamd nei ien fan de fjouwer wurkeilannen dy't brûkt waarden foar de oanlis fan de Ofslútdyk: Breesân. Op it eilân leit ek it doarpke Breesândyk dat 3 (2025) ynwennersAlle Cijfers hat.
By it fersoargingsplak leit in tankstasjon fan Esso.
Breesandyk Kategory:Ofslútdyk Kategory:Rykswei 7 Kategory:Geografy fan Wûnseradiel Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân