thumb|Hilda van der Meulen Hilda van der Meulen (Aldskoat, 3 jannewaris 1971) is in Frysk fotomodel, aktrise en filmprodusinte.
Libben Yn 1993 waard se Miss Nederlân. Har mem Elly wie sa'n tritich jier earder al as Miss Gondelfeart keazen yn De Knipe. By de Miss World ferkiezing yn Súd-Afrika rôlet Hilda yn de wrâld fan it entertainment. Nei in jier fan "Miss-ferplichtings" komt se fia Londen yn Los Angeles. Se studearret oan de Beverly Hills Playhouse Acting School, dêr't in soad filmaspekten lykas senarioskriuwen en character development. Hja leart benammen it omsetten fan in skript yn wurkbere sênes foar de filmset.
Nei tsien jier gie se werom nei it heitelân en har hynders. As kreatyf produsint wurket se sûnttids by Farmhouse. Hjir leit se kontakten tusken filmprodusinten, hynstehâlders en hynders. Hilda skreau ûnder oare mei oan de film Penny's Shadow. Se is foarsitter fan de Nederlânske Bernefilmsjuery.
Yn Los Angeles kaam se sûnt 1995 yn oanrekking mei de Scientology-tsjerke. Hja set har al jierren yn foar bewegingen dy't foar in bettere mienskip steane. Sa is se yn Nederlân in foarfjochtster fan de Nederlânske Citizens Commission on Human Rights. Boppedat set se har yn foar jongeren foar Minskerjochten. Sûnt se yn 2003 by de iepening fan it European Office of Public Affairs en Human Rights oanwêzich wie en Jeropeeske parlemintsleden rûnliede mocht en dy harren reaksjes seach plus it resultaat fan de selsûntwikkelingsprogramma's, ynklusyf Youth for Human Rights, is se in aktyf foarstanner. De yn 2006 troch Gerbrig Lijstra yn Snits oprjochte dochterorganisaasje "Jongeren voor Mensenrechten" hat dan ek har steun.
Yn 2017 waard Hilda van der Meulen direkteur fan it Museumdoarp Allingawier dat se mei har freon in nije opset joech.Filmactrice Hilda van der Meulen stelt orde op zaken in Allingawier yn: Frysk NijsSluiting Fries Museumdorp (Aldfaers Erf) dreigt na koerswijziging op frieslandholland.nl Yn 2019 is se mei dy funksje opholden.
Ein jannewaris 2018 waard se portrettearre yn it telefyzjeprogramma Het mooiste meisje van de klas. Libelle.nl
Filmografy Aktrise 200px|right| 2008 Shark in Venice 2005 The Mechanik - Alina Cherenko 2002 Liberty Stands Still - Emma Alderson 2000 Attraction - Ethel 2000 Bar Hopping (TV film) - St. Pauli Girl 1999 Soccer Dog: The Movie - Ref's Gal 1998 fl 19,99 - leafke fan de maffiabaas
Skriuwer 2011 Penny's Shadow (mei oaren)
Sels 2008 Xtasy: The Real Story - Part 2 (koarte dokumintêre) eks ferslaafde Janet''
Kategory:Frysk model Kategory:Miss Nederlân Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk filmprodusint Kategory:Frysk minskerjochte-aktivist Kategory:Persoan berne yn Aldskoat Kategory:Persoan berne yn 1971