Wobbenbüll (Noardfrysk: Wååbel) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Nordsee-Treene en hat 283 ynwenners (2025).
Skiednis Mooglik waard it plak stifte troch ynwenners dy't fanwegen de Earste Grutte Mandrenke fan 1362 flechtsje moasten nei in oar plak. Yn 1438 waard it plak foar it earst neamd. Tocht wurdt dat it plak 'delsetting fan Wobbe' betsjut.
Yn 'e jierren 1906-1907 folge de bou fan in lege daam tusken Wobbenbüll en it eilân Nordstrand om de kust better te befeiligjen. Yn 'e jierren 1933-1935 waard dy daam ferhege en waard der in strjitte op oanlein. It dêrfoar nedige sân waard fan 'e geast by it doarp ôfgroeven.
Sûnt 1 april 1934 is Wobbenbüll in selsstannige gemeente.
Berne yn Wobbenbüll Harro Harring (1798–1870), revolúsjonêr, dichter en keunstskilder
Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934