thumb|300px|Ledetallen, 1909-1930 It Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen (Nederlands Verbond van Vakverenigingen, NVV) wie in faksintrale, dy't 1 jannewaris 1906 oprjochte waard troch fyftjin fakbûnen. It NVV gie 1977 tegearre mei it NKV op yn de FNV.
It NVV wie part fan de sosjalistyske pylder. De oprjochting fan de NVV is fuortkommen út de spoarstakingen fan 1903. Earste foarsitter wie Henri Polak, teffens foarsitter fan de Algemiene Nederlânske Diamantbewurkersbûn. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de NVV foar trije jier opheft en waarden de besittingen en fermogens oernaam troch de nije fakbeweging Nederlands Arbeidsfront, dy't neffens Dútsk model opset wie. Henk Woudenberg, dy't fan 1940 oant 1942 foarsitter fan de NVV wie, krige de lieding oer it Nederlânsk Arbeidsfront.
Foarsitters NVV Perioade Foto Foarsitter Opmerkingen 1906-1909 Henri Polak 1909-1918 Jan Oudegeest 1918-1928 Roelof Stenhuis 1928-1940 Evert Kupers 1940-1942 Henk Woudenberg 1945-1949 Evert Kuipers 1949-1956 Henk Oosterhuis 1956-1959 Kees van Wingerden 1959-1965 Derk Roemers 1965-1971 André Kloos 1971-1972 50px Harry ter Heide 1972-1976 50px Wim Kok wie oant 1986 foarsitter fan de Federaasje Nederlânske Fakbeweging (FNV)
Kategory:Nederlânsk fakbûn Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1906 Kategory:Organisaasje opheft yn 1942 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1945 Kategory:Organisaasje opheft yn 1977