Lammert Wiersma (eins: Lambert Wiersma; Skiermûntseach, 11 desimber 1881 – dêre, 1 novimber 1980) wie Frysk dichter en skriuwer, dy't poëzij skreau yn syn memmetaal, it Skiermûntseagerske dialekt. Hy wie in tiidgenoat fan û.o. Pita Grilk en Douwe Fokkema sr., en publisearre ek yn it Nederlânsk oer it eilân Skiermûntseach en oer de skipfeart.

Libben en wurk Wiersma brocht syn bernetiid troch op Skiermûntseach, dêr't er yn 1881 te wrâld kaam as soan fan 'e seekaptein Jan Lammerts Wiersma en dy syn frou Theunke Wiebes de Wilde. As fyftjinjierrige jonge ferfear er yn 1897 mei syn âlderlik húshâlden nei Amsterdam ta. Krekt as syn heit keas er, nei de oplieding oan 'e seefeartskoalle folge te hawwen, foar in bestean as seeman. Nei syn houlik ferlei er syn wurkpaad, en wied er adjunkt kommys en direkteur fan it loadswêzen yn ferskate havenplakken, wêrûnder Den Helder en Rotterdam. Uteinlik kearde er yn 1969 foar syn lêste alve jier werom nei Skiermûntseach, dêr't er by it gesin fan dochter ynloek. thumb|left|260px|Gedicht fan Lammert Wiersma oer it begraafplak Vredenhof op Skiermûntseach, in ûnderdiel fan 'e Taalrûte dêre.

Wiersma begûn yn 'e earste helte fan 'e jierren tweintich fan 'e tweintichste iuw yn Den Helder mei it skriuwen fan Nederlânsktalige boeken en ferhalen. Syn earste publikaasje wie in berneboek, Willem van den Lichtwachter (1921). Dêrnei folgen Vervuld, foar it Dorus Rijkersfonds, Het Eiland Schiermonnikoog (1938), Uit de Zeiltijd (1940) en Tussen Noordzee en Wad (1947). Pas doe't er al aardich op jierren wie, om 'e tiid hinne dat er mei pinsjoen gie, sette Wiersma útein mei te dichtsjen yn syn memmetaal, it Skiermûntseagersk. Der ferskynden sa'n acht dichtbondels mei fersen yn it eilândialekt fan syn hân. Yn syn gedichten ferhearlike er de natoer, de taal en kultuer en it ienfâldige libben op Skiermûntseach, sa't him dat noch bystie út syn jonkheid. Ek joech er utering oan syn religieuze (kristlike) gefoelens, bgl. yn 'e bondel Herfsttridden (1962).

Sân fan Wiersma syn gedichten waarden yn 2010 op stiennen yn 'e Taalrûte fan Skiermûntseach ferivige. Dy gedichten geane oer John Eric Banck, in njoggentjinde-iuwske eigener fan Skiermûntseach en de stifter fan 'e nei him ferneamde Banckpolder, en fierders oer de seedyk, de dunen, de fjoertoer, it begraafplak Vredenhof en oer it doarp.Taalroute Schiermonnikoog (útjûn troch de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer). Wiersma ferstoar op 1 novimber 1980 yn 'e âldens fan 98 jier op syn thúseilân. Hy waard dêr ek begroeven, op woansdei 5 novimber.

Wurk proaza en non-fiksje 1921 – Willem van den Lichtwachter (berneboek) 19?? – Vervuld 1938 – Het Eiland Schiermonnikoog 1940 – Uit de Zeiltijd 1947 – Tussen Noordzee en Wad 1979 – Het Eiland Schiermonnikoog (by Utjouwerij At-See, Allum; werútjefte fan 'e yn 1938 yn Rotterdam ferskynde publikaasje)

poëzij 1950 – Us Memmetael: Sangen fan de Lytje Pole (by Utjouwerij Fedde Dykstra, Ljouwert) 1960 – Herfsttridden (by Utjouwerij Osinga, Boalsert) 1961 – Wintergriën (by Utjouwerij Osinga, Boalsert) 1962 – Saunkêlen (by Utjouwerij Osinga, Boalsert) 1964 – Wylde Blome (by Utjouwerij Osinga, Boalsert) 1966 – Myn Latst Bestek (by Utjouwerij Osinga, Boalsert) 1973 – Yn Myn Thúshafen: Gedichten yn de Taal fan it Eilaun Schiermonnikeich (by de Fryske Akademy, Ljouwert) 1979 – Schierdicht: Eiland-geda(i)chten (by Utjouwerij At-See, Allum; gearstald troch Ad. C. de Haan)

Kategory:Frysk seeman Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Skiermûntseagersk Kategory:Nederlânsk seeman Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op Skiermûntseach Kategory:Persoan stoarn op Skiermûntseach Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1980