thumb|right|220px|Liza Minnelli Liza May Minnelli (Los Angeles, Kalifornje, 12 maart 1946) is in Amerikaansk aktrise en sjongster. Sy krige in Oscar foar har rol yn de film Cabaret (1972).
Karriêre Liza Minelli makke op twa jierrige leeftiid har debút as aktrise yn de film In the Good Old Summertime dêr't har mem in haadrol yn spile. Yn 1965 spile ze yn de musical Flora, the Red Menace Se krige hjirfoar in Tony Award, mei har njoggentjin jier de jongste aktrise ea dy't dizze priis ûntfange mocht. Yn 1969 spile se yn de film The Sterile Cuckoo har earste haadrol yn in film. Se krige hjirfoar har earste Oscarnominaasje. Yn 1973 krige se in Oscar foar Bêste Aktrise foar har optreden as Sally Bowles yn de filmmusical Cabaret fan Bob Fosse. Har grutste filmsukses nei Cabaret helle se yn 1981, neist Dudley Moore yn de komeedzje Arthur.
Priveelibben Minelli waard berne yn Los Angeles, Kalifornje, Feriene Steaten, as dochter fan aktrise Judy Garland en filmregisseur Vincente Minnelli. Liza har âlden gongen útinoar doe't se fiif jier âld wie. Se groeide letterlik op yn de showbusiness, mei't har âlden har oeral mei hinne namen yn harren hektyske libben. Yn har jeugd gong se geregeld op wrâldtoernee mei har mem of wie se mei har heit yn de filmstudio. sjongeres Lorna Luft is in healsuster fan Minelli.
Minnelli hat fjouwer kear boaske west, mei sjonger Peter Allen (3 maart 1967 - 24 juny 1974), filmprodusint Jack Haley jr (15 septimber 1974 - 1979), keunstner Mark Gero (4 desimber 1979 - 1992) en konsertpromoter David Gest (16 maart 2002 - 24 july 2003).
Filmografy (Kar út)
|1949 |In the Good Old Summertime |It bêrn
|rowspan=2|1968 |Charlie Bubbles |Eliza
|The Odd Couple |Go-go Dancer |- |1969 |The Sterile Cuckoo |Mary Ann "Pookie" Adams |Nominaasje foar in Oscar foar Bêste Aktrise |- |1970 |Tell Me That You Love Me, Junie Moon |Junie Moon
|1972 |Cabaret |Sally Bowles |Wûn in Oscar foar Bêste Aktrise |- |1974 |That's Entertainment! |Host
|1975 |Lucky Lady |Claire
|1976 |A Matter of Time |Nina
|1977 |New York, New York |Francine Evans
|1981 |Arthur |Linda Marolla
|rowspan=2|1988 |Rent-a-Cop |Della Roberts
|Arthur 2: On the Rocks |Linda Marolla Bach
|1991 |Stepping Out |Mavis Turner
|2006 |The Oh in Ohio |Alyssa Donahue
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesLiza! Liza!12 oktober 1964CapitolIt Amazes Me10 maaie 1965There Is a Time21 novimber 1966I Who Have Nothing,Middle of the StreetLiza Minnelli26 febrewaris 1968A&MMarriedCome Saturday Morning26 jannewaris 1969Love StoryNew Feelin'19 oktober 1970(I Wonder Where My) Easy Rider's GoneThe Singer1 maart 1973ColumbiaThe Singer,Don't Let Me Be Lonely Tonight,Dancing in the Moonlight,I Believe in MusicTropical Nights15 augustus 1977Results12 septimber 1989EpicLosing My Mind,Don't Drop Bombs,So Sorry, I Said,Love PainsGently19 maart 1996Does He Love You?Confessions21 septimber 2010Decca
Live-albums Album Utbrocht op Label "Live" at the London Palladium2 augustus 1965CapitolLive at the Olympia in Paris15 maaie 1972A&MLive at the Winter Garden22 maaie 1974ColumbiaLive at Carnegie Hallaugustus 1981AltelAt Carnegie Hall21 oktober 1987TelarcLive from Radio City Music Hall10 novimber 1992ColumbiaParis — Palais des Congrès18 july 1995EMIMinnelli on Minnelli: Live at the Palace29 febrewaris 2000AngelLiza's Back29 oktober 2002J RecordsLiza's at The Palace....3 febrewaris 2009Hybrid
Soundtrack-albums Film Nûmmer(s) Utbrocht op Label CabaretMein Herr,Maybe This Time,Cabaret1972ABCLucky Lady(Get) While the Getting is Good,Lucky Lady Montage,Lucky Lady (reprise)1975ColumbiaNew York, New YorkYou Brought a New Kind of Love to Me,Once in a While,You Are My Lucky Star,The Man I Love,Just You, Just Me,There Goes the Ball Game,Happy Endings,But the World Goes 'Round,Theme from New York, New Yorkjuny 1977Liberty Sex and the City 2Single Ladies (Put a Ring on It)25 maaie 2010WaterTower Music
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk musicalakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Oscar-winner Kategory:Emmy-winner Kategory:Grammy-winner Kategory:Tony-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk-Kanadeesk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Sisyljaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1946