thumb|Replika fan de East-Ynjefarder Götheborg yn 2005 thumb|Utlânske faktorijen yn Kanton 1780, yn de midden de Sweedske flagge De Sweedske Eastyndyske Kompanjy (Sweedsk: Svenska Ostindiska Companiet of SOIC) waard yn it jier 1731 yn Göteborg stifte mei it doel te keapmanjen yn it fiere easten.

De ynspriraasje foar de ûndernimming kaam fan de tige súksesfolle Nederlânske Vereenigde Oostindische Compagnie en de Britske Eastyndyske Kompanjy. De kompanjy waard yn de rin fan de 18e iuw de grutste hannelsûndernimming fan Sweden, oant er yn 1813 fallyt gong. In 1626 hie der al in foarrinner west meidat de Nederlanner Willem Usselinx fan de Sweedske kening it privileezje krige om te hanneljen yn de beide Ynjes. Dy maatskippij fear foaral op West-Ynje; de kaper Abraham Blauvelt wie der yn tsjinst.

Sjoch ek Feriene Eastyndyske Kompanjy, 1602 Deenske Eastyndyske Kompanjy, 1616 (Nederlânske) Westyndyske Kompanjy, 1621

Kategory:Skiednis fan Sweden Kategory:Goateboarch Kategory:Hannelskompanjy Kategory:Sweedsk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1731 Kategory:Bedriuw opheft yn 1813