Ingelân wie yn it ferline ferdield yn 39 greefskippen. De histoaryske greefskippen fan Ingelân waarden troch de Normandjers stifte om reden fan bestjoer (militêre organisaasje, belêstingen, rjochtspraak), yn de measte gefallen op grûn fan eardere keninkriken en shires stifte troch de Angelsaksen en oaren.

Dy ûnderferdieling wurdt distiid net mear brûkt yn de bestjoerlike yndieling, mar wie wol de basis fan it hjoeddeiske systeem fan regionale oerheden. De oarspronklike 39 greefskippen binne (greefskippen mei in * besteane net mear yn it bestjoerssysteem): Bedfordshire Berkshire Buckinghamshire Cambridgeshire Cheshire Cornwall Cumberland (* distiid part fan Cumbria) Derbyshire Devon Dorset Durham Esseks Gloucestershire Hampshire Herefordshire Hertfordshire Huntingdonshire (* no in distrikt fan Cambridgeshire) Kent Lancashire Lincolnshire Leicestershire Middelseks (* no part fan Londen) Norfolk Northamptonshire Northumberland Nottinghamshire Oxfordshire Rutland Shropshire Somerset Staffordshire Suffolk Surrey Susseks (* no spjalt yn West Susseks en East Susseks) Warwickshire Westmorland (* no part fan Cumbria) Wiltshire Worcestershire Yorkshire (* no Noard Yorkshire, East Riding of Yorkshire, Súd Yorkshire en West Yorkshire)