thumb|De Tillefonne mei op de eftergrûn de Sint-Gertrudistsjerke fan Warkum thumb|De Tillefonne ûnder Workum De Tillefonne (as Tillefonnepaad) is in âld tsjerkepaad yn de omkriten fan Warkum.
De Tillefonne is in tsjerkepaad nei de Grutte of Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum. It paad komt al yn 1560 foar as de Tillefonne. De namme binne twa wurden yn byelkoar brocht, tille en fonne ('finne'). It tsjerkepaad rint fan de âlde Suderseedyk noardwestlik fan Warkum troch de greiden oer in stik as acht brechjes nei Warkum. Dêr einiget it by in stege - de Tillefonnestege - oan de Noard, tichtby de Merk mei de Sint-Gertrudistsjerke.
Kategory:Warkum Kategory:Histoaryske geografy Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Geografy fan Warkum (gemeente) Kategory:Geografy fan Nijefurd Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân