Karel Helder is in fisker en politikus út Parregea. Helder wie wethâlder fan Wûnseradiel foar de Partij fan de arbeid. Krige yn 2001 de Fryske Parsepriis doe't er him ynsette foar 82 asylsikers yn Wytmarsum. Karel Helder wie jierrenlang aktyf it Wolwêzen. Wie 17 jier foarsitter (1994-2011) fan de Fiskerij Feriening yn Warkum. Siet yn in soad bestjoeren, bygelyks de feriening Botterbehâld en de Waadfarders.
Kategory:Frysk fisker Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk polityk aktivist Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Persoan berne yn Parregea Kategory:Wûnseradiel Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw