thumb|Lizzing fan Boston yn Ingelân Boston is in lytse âlde havenstêd (town) yn it bestjoerlike gebiet Boston, yn it Ingelske greefskip Lincolnshire. It plak hie 35.124 ynwenners yn 2001.
De stêd leit oan de rivier de Witham, sa'n seis kilometer fan it plak dêr't de Witham yn it estuarium The Wash streamt. It plak leit yn it flakke, sompige en agrarysk gebiet The Fens. Boston syn meast opfallende gebou is de St Botolph's-tsjerke (The Stump), boud fan 1309 oant 1460; it is de grutste parish-tsjerke yn Ingelân mei ien fan de heechste tuorren fan it lân. Bewenners fan Boston wurde Bostonians neamd.
Boston krige syn sjarter yn 1545 en emigranten hawwe syn namme oan ûnder oaren de Amerikaanske stêd Boston jûn.
Stedsbyld
Berne yn Boston John Foxe (1516-1587), teolooch
Kategory:Hânzestêd Kategory:Plak yn Lincolnshire