namme 275px Rol Transportfleantúch, ferkearsfleantúch Makker De Havilland Untwerper A. E. Hagg Earste flecht 20 maaie 1937 Yn tsjinst oktober 1938 Ut tsjinst 1943 Tal makke 7 Brûkers Imperial Airways/British Overseas Airways Corporation en Royal Air Force Farianten
De de Havilland DH.91 Albatross wie in fjouwermotorich Britsk transportfleantúch út de jierren 30 fan de 20e iuw. Yn 1938–1939 binne der sân fan boud. De DH.91 wie in hichtepunt yn de houten-fleanmasinebou.
Untjouwing De DH.91 waard ûntwurpen yn 1936 troch A. E. Hagg neffens Air Ministry specification 36/35 foar in trans-Atlantyske postfleanmasine.
De DH.91 syn romp en wjukken wiene makke fan ferlime balsahoutlaachjes (multipleks), in konstruksje dy't letter ferneamd waard troch de tapassing by de de Havilland Mosquito. In oar opmerklik ding wie it kuolsysteem foar de luchtkuolle motoren dy't in benei ideale streamline fan de motorkape mooglik makke. "Cooling System for Plane Engines Uses Air Piped from Wings" Popular Science, septimber 1938, tekening kuolsysteem De earste Albatross fleach op 20 maaie 1937. It twadde protoype bruts by in testflecht, mar waard wer opmakke en wie de earste dy't by Imperial Airways yn gebrûk naam waard.
Hoewol't it tastel as postfleantúch ûntwurpen wie, kaam der ek in passazjiersferzje dy't 22 minsken ferfiere koe. Fiif fan dy tastellen waarden yn 1938/1939 ôflevere.
Operasjonele skiednis De earste levering oan Imperial Airways wie de DH.91 Frobisher (22 pas.) yn oktober 1938. In fiif passazjiers ferzje waard brûkt op de line Croydon nei Parys, Brussel en Zurich. Doe't it testfleanen dien wie waarden beide prototypes oan Imperial Airways en ynset as lange-ôfstân postfleanmasine. Feitlik hawwe sy fral tsjinne yn de simmer fan 1939, doe't sy it wichtichste type op de passazjiersline fan Londen Croydon nei Parys Le Bourget wienen.
Begjin Twadde Wrâldkriich beskôge de Royal Air Force it tastel as gaadlik foar koeriersflechten tuske Grut-Brittanje en Yslân fanwege har fluggens en fleanberik; septimber 1940 waarden twa tastellen yndield by it 271 Squadron fan de RAF. Beide tastelling ferûngemakken by de lâning yn Reykjavík, de Faraday yn 1941 en de Franklin yn 1942.
De fiif-passazjiers ferzjes brûkte Imperial Airways (it lettere BOAC) op de rûtes Bristol-Lissabon en Bristol-Shannon. De Frobisher waard ferneatige by in Dútsk bombardemint op Bristol yn 1940, twa oaren by de lâning. De twa oerbliuwende tastellen, de Falcon en Fiona waarden septimber 1943 sloopt.
Technyske feiten
Feiten Bemanning 4 Passazjiers 22 Lingte 21,8 m Spanwiidte 32,0 m Hicht 6,8 m Wjukoerflak 100 m² Leechgewicht 9.650 kg Startgewicht 13.380 kg Krúsfaasje 338 km/o Heechste faasje 362 km/o Tsjinstplafond 5.450 m Fleanberik 1674 km Oandriuwing fjouwer 12-silinder-V-motors de Havilland Gipsy Twelve fan 525 hk (391 kW) it stik
Kategory:Britske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1937