Willemina (Will) van Kralingen (Nimwegen, 1 oktober 1951 - 9 novimber 2012) wie in Nederlânsk aktrise.
Van Kralingen is in suster fan operasjongeres Miranda van Kralingen. Harren âlden binne Willem Frederik van Kralingen (1923-2004), learaar Frânsk, en Johanna Gozina Breimer (1924). Se hat noch twa oare susters, Mieke en Hansje.
Hja wie troud mei akteur en regisseur Eric Schneider en hie in relaasje mei de Kanadeeske akteur David Pallfy. Ut har houlik hat hja twa soannen, Olivier en Beau-Benjamin.
Yn 2012 waard foar de tredde kear boarstkanker by har fêststeld; 9 novimber is hja dêroan stoarn.
TF-rollen (kar-út) Een lieve jongen Armoede De Zomer van '45 Het Wassende water De Minnaar. Yn it kostúmdrama Belle van Zuylen spile se de haadrol.
Film- en toanielrollen Een Scherzo Furioso Temmink: The Ultimate Fight Havinck.
Yn 2007 spile Van Kralingen yn in toanielbewurking - ûnder regy fan Ursul de Geer - fan it boek fan auteur Sándor Márai: Kentering van een huwelijk, de rol fan Ilonka. Sûnt 2007 spile hja ek mei yn de Nederlânske plysjerige Flikken Maastricht. Yn dy rige hat se mar ien seizoen spile, mar se komt yn it fiifde seizoen werom as haadynspekteur Ellis Flamand.
Har lêste film yn 2012 wie De Goede Dood, oer in sike man dy't net better wurde kin en dy't eutanasy dwaan lit. Sy spile syn frou.
Prizen 2007 Theo d'Or as keninginne Elisabeth yn it toanielstik Maria Stuart Gouden Keal foar har rol yn Storm in mijn hoofd 1995 Gouden Keal as suïsidale Lydia yn Havinck
Keppelings om utens TIN Teäterensyklopedy mei har toanielrollen 1977-2009 ynfo op webstee Beeld en Geluid Ynterview troch Liddie Austin, Opzij fan 1 april 1998 NOS-deaberjocht op 9 novimber mei radio-ynterviews en fideobylden oer har teäterlibben
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1951 Kategory:Persoan stoarn yn 2012