Jarich Sickes Sirtema fan Grovestins, ek: Jarich fan Groustins (1640 - 1672), wie grytman fan Himmelumer Aldefurd (1660-1672) en steatelid (1663-1672).

Jarich wie in soan fan Sicke Idzarts Sirtema Groustins (1607-1665) en Margaretha fan Cammingha (1614-1667). Op 16 jannewaris 1665 boaske hy Deitzen (1645-1702), dochter fan Binnert Ruerds fan Roarda en Bauck Laeses Glins. It ienige bern út dit houlik, in famke, is jong ferstoarn.

Op 4 maaie 1660 waard er beneamd as grytman fan Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde, yn 1663 folge de ferkiezing as lid fan de Steaten fan Fryslân en bleau dit oant syn dea yn 1672. Assuerus fan Grovestins wie in neef fan him.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1640 Kategory:Persoan stoarn yn 1672