Abbe Jans, ek Abla Jans, wie fan 1531 - 1546 grytman fan Aenjewier. Aenjewier wie de twadde gritenij fan 'e Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinze yn it noarden oan Utingeradiel, eastlik oan Opsterlân súdlik fan Skoatterlân en westlik fan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.
Oer Abbe is net folle bekend. Syn namme wurdt neamd yn de List fan grytmannen fan Aenjewier en stiet op de Rolle van den Hove van Friesland fan 21 oktober 1533.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Aenjewier
Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Aenjewier Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw