thumb|Taeke Schuilenga thumb|Monumint yn it Tiesingaboskje Taeke Schuilenga (Surhústerfean, 29 oktober 1878 - Easterwâlde, 4 novimber 1943) wie in koekefabrikant en ynfloedryk ynwenner fan Surhústerfean, dy't slachtoffer waard fan de Aksje Sulverdin.
Libben Taeke Schuilenga wie it twadde bern en de twadde soan fan Djoerd Jans Schuilenga en Elizabeth Taekes Postma, yn in húshâlding mei trije jonkjes en trije famkes. Op 21 maart 1906 boaske er mei Engeltje Hendriks Bos. Hja krigen tsien bern, Elisabeth, Tryntsje, Djoerd, Pieter, Janke, Jan, Harm Egbert, Edziena, Aaltje, en Etje. Taeke waard bakker en waard yn rin fan tiid direkteur-eigener fan it bak- en koekefabryk De Bijenkorf. Hy wie ek mei-oprjochter fan de Spaar en Voorschotbank en wie fierders ek drok foar it doarp.
Yn 1930 ferstoar syn âldste dochter Elisabeth. Krekt foar de oarloch, op 11 april 1940 ferstoar Taeke syn frou. Yn 1941 waarden de Schuilenga's fêstnaam foar harren ûndergrûns wurk. Taeke waard lykwols op boarchtocht frijlitten om't syn wurk yn de itensfoarsjenning lei.
It ferset besocht op 30 oktober 1943 om de NSB-er Pier Nobach dea te sjitten, mar troch in ferwikseling waard Nobach syn soan deamakke. As wraak waard Schuilenga oanwiisd foar Aksje Sulverdin. Op 4 novimber waard er foar ferhoar meinaam nei Ljouwert. Doe waard er foar fierder ferhoar nei it Scholtenhuis yn Grins brocht, en doe't dat foarby wie waard er meinaam nei de omkriten fan de Fochtel, delsketten en yn in sleat efterlitten.
Op dat plak, it Tiesingaboskje tusken Easterwâlde en Feanhuzen, is in monumint ta syn neitins oprjochte, mei de tekst HJIR FOELTROCH LEFFEMOARDNERS HÂNFOARFRIJDOM, RJOCHTEN HEITELÂNT. SCHUILENGASURHÚSTERFEAN4 NOV. 1943.
Yn syn wenplak Surhústerfean hat de Taeke Schuilengaleane syn namme. Hy is ien fan de trije kriichslachtoffers út it doarp, dy't neamd wurde op de tinkstien yn de Feanster Toer.
Keppeling om utens Silbertanne Aktion Silbertanne-moardner Heinrich Boere (88) feroardield ta libbenslange finzenisstraf Mear oer Taeke Schuilinga
Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn Surhústerfean Kategory:Persoan stoarn yn Easterwâlde Kategory:Persoan berne yn 1878 Kategory:Persoan stoarn yn 1943