100px|right
De Hynstesport is in sport dy't fan de twadde moderne Olympyske Spullen ôf op it Olympyske programma stiet.
Skiednis De Hynstesport stie tidens de Spullen fan 1900 yn Parys foar it earst op it programma. Mar tidens de Spullen fan 1904 en 1908 waard it net yn it programma opnaam. Pas tidens de Spullen fan 1912 yn Stokholm kaam it wer werom op it programma. Tidens de Spullen fan 1956 yn Melbourne waard de Hynstesport yn in oar lân hâlden as de rest fan de Spullen fanwege de karantêneregleminten yn Austraalje. De hynstesport hie dêrom plak yn Stokholm. Oant en mei de Spullen fan 1948 mochten alline militairen meidwaan oan de hynstesport op de Spullen. Sûnt de Spullen fan 1952 yn Helsinky meie ek gewoane boargers en froulju meidwaan oan it hynsteriden by de Olympyske Simmerspullen, dêr waard ek fuort troch in frou in medalje wûn opfollend hjirby wie dat dizze frou Lis Hartel ek noch in lichaamlike beheining hie. manlju en froulju binne yn de hynstesport lykweardich en hawwe gjin apparte kompetysje.
Underdielen De hynstesport bestiet út trije ûnderdielen: dressuer, springe en eventing. Yn it ferline hawwe ek Foltiizje, Fierspringe en Heechspringe ûnderdiel útmakke fan it Olympyske programma. ûnderdiel 00 12 20 24 28 32 36 48 52 56 60 64 68 72 76 80 84 88 92 96 00 04 08 12 Dressuer, yndividueel XXXXXXXXXXXXXXXXXXXXXX X Dressuer, lannen XXXXXX XXXXXXXXXXXX X Eventing, yndividueel XXXXXXXXXXXXXXXXXXXXXX X Eventing, lannen XXXXXXXXXXXXXXXXXXXXXX X Fierspringe X Foltiizje, yndividueel X Foltiizje, lannen X Heechspringe X Springe yndividueel X XXXXXXXXXXXXXXXXXXXXXX X Springe, lannen XXXXXXXXXXXXXXXXXXXXXX X
Medaljespegel De top tsien fan lannen dy't by it swimmen medaljes wûn ha tidens de Olympyske Simmerspullen. 1 Dútslân 21 10 11 42 2 Sweden 17 10 14 41 3 Frankryk 12 12 10 34 4 Feriene Steaten 11 20 18 49 5 West-Dútslân 11 5 9 25 6 Nederlân 10 10 2 22 7 Itaalje 7 9 7 23 8 Grut-Brittanje 6 9 12 27 9 Sowjetuny 6 5 4 15 10 Austraalje 6 3 2 11
Sjoch ek Hynstesport op de Paralympyske Simmerspullen