De Hegebeintumermûne is in poldermûne besuden it doarp Hegebeintum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Skiednis De Hegebeintumermûne is in mealreeë muonts, dy't yn 1860 foar de bemealling fan de polder Hegebeintum boud waard.
De mûne hold it opfallend lang fol en bleau oant 1969 yn it wurk. Om't der doe gjin mûnder mear beskikber wie, waard besluten ta meganyske bemealling.
De mûne waard yn 1976 eigendom fan de Stichting De Fryske Mole, dy't him in jier letter restaurearje liet. Yn 2006 wiisde it Wetterskip Fryslân de Hegebeintumermûne oan as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.
Beskriuwing De Hegebeintumermûne hat in flecht fan 15,35 meter en de wjukken binne âldhollânsk ophekke. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.
Sjoch ek Mûnen yn Fryslân
Kategory:Hegebeintum Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1860 Kategory:Mole yn Ferwerderadiel Kategory:Ryksmonumint yn Ferwerderadiel