Strykizermuseum Bouten fan Boudje is in lyts museum yn Kaard op it waadeilân Skylge.

Untstie by it út 'e hân rinnen fan in hobby. De kolleksje bestiet út in samling strykizers, ploai- en mangelattributen. De 850 eksimplaren komme út meardere iuwen. Ek de âldste wize fan glêd meitsjen is te sjen: wriuwe mei in strykglês. Fierder parse-, ploai- en mangelattributen. Ek in biljardizer heart by de kolleksje.

Yn Nederlân binne ek strykizer- en waskmusea yn Noardbroek, Hierden en Boxtel.

Sjoch ek List fan musea yn Fryslân

Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Skylge Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting