Doetinchem (Nedersaksysk: sawol Deutekem as Dörkum) is in stêd en gemeente oan de Alde Isel en leit yn de Achterhoeke, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente hat ynwenners (, boarne: CBS), en hat in oerflak fan 79,07 km2 (dêr't 0,57 km2 fan út wetter bestiet). Dêrmei is Doetinchem de tichtst befolke gemeente fan de Achterhoeke. De befolking is foar goed fjirtich persint fan protestantske sinjatuer en foar sawat likefolle fan katolike komôf. Foar it oare part bestiet de gemeente út guons dy't net tsjerklik binne of moslims.
De gemeente Doetinchem ûntstie op 1 jannewaris 1920 troch de fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Stêd Doetinchem en Amt Doetinchem Op 1 jannewaris 2005 is de gemeente Wehl opheft en oan de gemeente Doetinchem taheakke. Ek waard Zelhemse Broek by de gemeente foege.
Betelle fuotbal Mei BV De Graafschap hat Doetinchem syn eigen betelle fuotbalklup yn de gemeentegrinzen. It stadion De Vijverberg, dat leit yn it súdeasten fan de stêd, húsmannet de Superboeren.
Keppeling om utens Webside fan de gemeente Doetinchem
Kategory:Plak yn Doetinchem Kategory:Gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1920