thumb|250px|SS Great Western (1882)

De Great Western wie in stoomskip dat yn 1838 boud waard nei in ûntwerp fan Isambard Kingdom Brunel.

It skip farde fan 1838 oant 1842 fan Bristol nei New York, mar waard fan 1842 ôf ynset op de rûte Liverpool-New York. Doe't de Great Western Railway Co. yn 1846 faillyt gong troch de strâning fan de Great Brittain, waard it skip ferkocht oan de Royal Mail Steam Packet Co., ofwol de Royal Mail Line. Yn 1854 waard it skip opeaske troch it Britske gûvernemint om te tsjinjen as troepeskip. Doe't de Great Western yn 1856 weromgie nei har eigners, hiene dy gjin belang mear by it 18 jier âlde skip en waard it foar de sloop ornearre.

Feiten Lingte: 64,8 m Breedte: 10,8 m Tonnaazje: 1340 brt Bouwers: William Patterson Konstruksje: Hout Skoarstiennen: 1 Masten: 4 Faasje: 9 knopen (sa'n 16,5 km/o) Oandriuwing: 2 schepraderen Passazjiers: 148

Keppeling om utens Maritimequest, fotogallery Great Western

Kategory:Britsk sylskip Kategory:Britsk stoomskip Kategory:Britsk passazjiersskip Kategory:Skip út 1838 Kategory:Skip sloopt of fergien yn 1856