Ted Jan Bloemen (Gouda, 16 augustus 1986) is in langebaanrider fan Terherne. Hy ried oant seizoen 2007/2008 by de DSB-ridersploech. Yn seizoen 2008/2009 ried Ted-Jan by Gewest Noard-Hollân/Utert ûnder lieding fan Peter Bos, en naam neist Aegon CFE Nederland de sponsoring foar har rekken"Sponsor voor schaatsers Wennemars en Bloemen" Sporttribune, 2 oktober 2008. Fan seizoen 2009/2010 ôf rydt Bloemen foar APPM"Bloemen tekent contract bij Team APPM" Sportweek, 28 april 2009.

Biografy Bloemen debutearre op it WK foar Junioaren yn 2006 dêr't hy as fyfde einige. By it NK Ofstannen 2008 waard Bloemen fiifde op de tsien kilometer wêrmei't hy him foar dizze ôfstân pleatste foar de wrâldbekerwedstriid. Op it NK Allround yn Grins einige hy as fjirde wêrmei't hy him fersekere fan dielname oan it EK Allround yn Kolomna.

Op 17 jannewaris wûn Bloemen de Gruno Bokaal. Op it NK Allround 2010 wist Bloemen him mei in twade plak te pleatsen foar it WK Allround 2010. Hy ried mei 36,87 in persoanlik rekord op de 500 meter"Bloemen bloeit op" Telegraaf, 20 maart 2010.

Op it NK Ofstannen 2011 ried Bloemen trije ôfstannen, op de 10 kilometer wist hy him mei in fiifde plak te fersekerke fan in wrâldbekerticket.

By it yngean fan seizoen 2011/2012 gie Bloemen nei it Gewest Fryslân en wûn de 42e Iselcup op de iisbaan De Scheg troch fjirde te wurden op de 500m en de myl te winnen. Op 28 desimber wist hy him te pleatsen foar it EK Riden 2012 op de isbaan Városligeti Müjégpálya ûndanks dat er TVM'er Wouter Olde Heuvel yn de rit op de fiif kilometer hindere hie by it útkommen fan de bocht"Kemkers noemt actie Bloemen asociaal" NUsport, 28 desimber 2011.

Persoanlike rekords 500 m - 36,87 ( 19 maart 2010, It Hearrenfean ) 1000 m - 1.10,86 ( 21 maart 2010, Calgary ) 1500 m - 1.46,52|dag ( 19 maart 2009, Calgary ) 3000 m - 3.44,25 ( 21 maart 2006, Calgary ) 5000 m - 6.17,07 ( 7 maart 2009, Salt Lake City ) 10000 m - 13.11,79 ( 15 maart 2007, Calgary )

Resultaten Jier NK Ofstannen NK Allround EK Allround WK Allround Wrâldbeker WK Junioaren 2006 24e 1500m15e 5000m NC20 5e efterfolging 2007 14e 5000m NC21 2008   9e 5000m   5e 10000m 4e 8e 38e 5/10 km  efterfolging 2009   5e 5000m  4e 10000m <small>DNS 1500m 6e 5/10 km 2010   9e 5000m 4e 2011 11e 1500m  9e 5000m  5e 10.000m 5e 35e 5/10 km 2012   7e 5000m11e 10.000m

Medaljespegel Kampioenskip NK Allround 0 1 0 WK Junioaren 1 0 0

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986