Henk Hospes (It Hearrenfean?, 4 july 1956) wie in koartebaanrider yn de jierren '70 en '80 fan de 20e iuw. Hy is de heit fan Rianne en Jesper Hospes, syn frou Anneke is in suster fan reedrider Sies Uilkema.
Hospes wûn yn alle leeftydskategoryen de Fryske én de Nederlânske koartebaantitel. Yn 1980 waard er yn Finkegea Frysk kampioen koartebaan. Hy ûnttroande dêr de destiidske 'Rider fan de Iuw' Piet de Boer en de bruorren Mathijs en Geert Kuiper. Yn 1987 waard Hospes Nederlânsk kampioen by de senioaren. Hy siet ek yn de technyske kommisje fan it gewest Fryslân fan de KNSB.
Utslaggen Jier Plak Kampioenskip 1976 7 NK Sprint 1977 12 NK Sprint 1978 7 NK Sprint 1979 DNS3 NK Sprint 1980 10 NK Sprint 1981 13 NK Sprint 1985 DNS2 NK Sprint 1986 21 NK Sprint 1988 12 NK ôfstannen 500 m. 1988 14 NK ôfstannen 5000 m.
Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk reedrydtrainer Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1956