Antal van der Duim (It Hearrenfean, 16 septimber 1987) is in Nederlânsk profesjoneel tennisspiler út Finkegea. Yn 2011 wennet en wurket er meast yn Amsterdam by Amstelpark ûnder lieding fan Dick Suijk.
Libben Van der Duim groeide op yn Noardwâlde. Waard ek selektearre foar de jeugdoplieding fan SK It Hearrenfean. Spile by tennisferiening Ten Woude en it Fryske tennisbûn, eardat er de oerstap makke nei de trenings fan it nasjonale tennisbûn yn Almere. Wûn ûnder oare de Nederlânske jeugdkampioenskippen indoor en outdoor. Ek helle er in finaleplak yn de Windmillcup en wûn in ynternasjonaal toernoai yn Bruhl. Spile alle Grand Slams foar junioaren mei in kwartfinale op Wimbledon en in finaleplak op Roland Garros. Sûnt 2005 is er tennisprofessional. Die yn 2006 foar it earst mei oan de ATP tour op it ABN Amro tennistoernooi yn Rotterdam. Twa finaleplakken yn Sina, en fierder yn Eastenryk en Almere wienen de folgjende súksessen. Syn earste toernoaioerwenning helle Antal yn Israel.
Wurke mei de privee coaches Harold Jans en Nick Carr (eks-coach Martin Verkerk). Der folge in tiid mei in soad blessueres oan ankel en earmtakke mar helle dochs in finaleplak by de Natsjnale Masters (oerwinnings op ûnder oare Raemon Sluiter en Thiemo de Bakker).
Docht meast mei oan de ATP Challenger Tour end ITF Futures, beide yn inkel- en dûbelspul. Berikte syn heechste ATP singles plak, nûmer 341 op 3 oktober 2011, en syn heechste ATP doubles plak, nûmer 211, op 7 jannewaris 2008 mei Thiemo de Bakker.2011 voor Thiemo de Bakker / Antal van der Duim |date=2011-09-12|work=teaninternational.nl|accessdate=2011-09-12
Prizen Junioaren Nederlânsk Kampioen Outdoor o/m 14 jier Nederlânsk Kampioen Indoor o/m 14 jaar 3e Wrâldkampioenskippen Junioaren o/m 14 jier Miami, Feriene Steaten 1e ETA 1 Bruhl, Dútslân Finaleplak Windmillcup Ljouwert, Nederlân Finale Roland Garros Junioaren Parys, Frankryk Kwartfinale Wimbledon Junioaren Londen, Ingelân Heale finale Wimbledon Junioaren dûbel Londen, Ingelân Senioaren Winner 15.000$ Future fan Napoli, Itaalje Winner 10.000$ Future Tel Aviv, Israel 4 x finalist 10.000$ Future Sina Finale, 10.000$ Future Eastenryk Finale 10.000$ Future Almere, Nederlân Winner 75.000$ Challenger dûbelspul Itaalje 1e 50.000$ Challenger dûbelspul Saransk, Ruslân Finale Nederlânske Kampioenskippen Indoor Rotterdam, Debút 2006 ATP Tour ABN AMRO World Tennis Tournament Rotterdam
Kategory:Frysk tennisser Kategory:Nederlânsk tennisser Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Finkegea Kategory:Persoan berne yn 1987