thumb|200px|Corrienteko yn Kalifornje De Corriente is in koweras dat ôfstammet fan Spaanske bisten dy't yn de lette 15e iuw nei Amearika brocht binne. Tsjintwurdich wurde sy fral foar de sport brûkt, rodeo. Guon fokkers hâlde dizze kij foar it fleis dat frijwat soppiger is as it fleis fan de measte nijmoadrige fleiskij.
Corrientes binne frijwat behindich. In ko bliuwt meast ûnder de 450 kg. Dizze kij binne linich, hawwe lange hoarnen dy't omheech steane, freegje net in soad fretten en drinken, fergelike mei grutte fleiskij, en kealje meast sûnder swierrichheden.
It ras hat in ferskaat oan nammen. Offisjeel hjitte sy yn de Feriene Steaten Corriente, dat gewoanwei ek har namme yn it noarden fan Meksiko is. Yn oare dielen fa Meksiko wurde sy Criollo as Chinampo neamd. Corrientes binne nau besibbe oan Pineywoods en Florida Crackers, twa rassen fan de Meksikaanske golfkust en Florida.
Keppelings om utens De American Criollo Beef Association De North American Corriente Association Oklahoma State University cattle breed history
Kategory:Koweras Kategory:Domestisearre bisteras út de Feriene Steaten