Denemarken wie oant en mei 31 desimber 2006 ferdield yn trettjin provinsjes (amter) en 271 gemeentes (kommuner), sjoch Deenske gemeenten per provinsje. De yndieling yn trettjin (earder 14) provinsjes wie by de bestjoerlike weryndieling fan 1 april 1970 ûntstien. By dy weryndieling waard it tal gemeentes werombrocht fan 1386 nei 275 en it tal provinsjes fan 25 nei 14. De yndieling fan Denemark yn amter wie fan 1793.
thumb|right|300px|Deenske provinsjes nûmere
Kopenhagen (gemeente) Frederiksberg (gemeente) Kopenhagen Frederiksborg Roskilde Vestsjælland Storstrøm Funen Súd-Jutlân Ribe Vejle Ringkjøbing Viborg Noard-Jutlân Århus Bornholm (regionale gemeente)
De provinsje Kopenhagen besloech de gemeenten yn de stêdekloft Kopenhagen, útsein de gemeenten Kopenhagen en Frederiksberg. Bornholm is in regionale gemeente, dy't de fiif eardere gemeenten fan it eilân Bornholm yn him ferienige.
Grienlân en de Faeröer hearre ek by Denemark, mar hawwe in autonome status en hawwe twa sitten yn it Deenske parlemint.
Fan 1 jannewaris 2007 ôf is Denemark yndield yn fiif regio's dy't yn it plak fan de trettjin provinsjes kaam binne. Tagelyk is it oantal Deenske gemeentes werombrocht fan 271 nei 98.
Keppelings om utens Kaart fan de Faeröer Kaart fan Grienlân
Kategory:Geografy fan Denemark Kategory:Skiednis fan Denemark
de:Verwaltungsgliederung Dänemarks lt:Danijos administracinis suskirstymas pt:Subdivisões da Dinamarca