Dit is in list fan talen yn Jeropa dy't besiket in folslein oersjoch te bieden fan it taalferskaat op it Jeropeeske kontinint. __NOTOC__ Register: A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

Kar Yn dizze list binne allinnich talen opnommen dy't lânseigen binne yn Jeropa. Dus bygelyks it Papiamintysk yn Nederlân, dat hjir brocht is troch resinte ymmigranten fan 'e Antillen, is net werjûn, likemin as it Turksk yn Dútslân. It Turksk yn Bulgarije en Roemeenje is lykwols àl opnommen, mei't dat dêr in lânseigen minderheidstaal is. Hjirby moat oantekene wurde dat op dat mêd in útsûndering makke is foar de talen fan 'e Roma en de wenweinbewenners, dy't soms ek noch mar frij resint yn guon Jeropeeske lannen kommen binne.

Fierders binne allinnich talen opnommen dy't troch in oansjenlik diel fan 'e taalkundigen as sadanich beskôge wurde of dy't earne in offisjele status hawwe; dialekten binne yn prinsipe bûten beskôging litten. Soms is de skiedsline tusken in taal en in dialekt lykwols dreech oan te tsjutten en binne ek yn 'e wittenskiplike mienskip de mienings ferdield. Yn sokke gefallen is oan sokke taalfarianten it foardiel fan 'e twifel jûn, en binne se oer it algemien foar de folsleinens al yn dizze list opnommen.

In spesjaal gefal giet de taal oan dy't foarhinne bekend stie as Servo-Kroätysk. Sûnt it útinoarfallen fan Joegoslaavje binne dêr de nasjonale farianten Servysk, Kroätysk, Bosnysk en Montenegrynsk (en de etnyske farianten Bûnjevatysk en Goraansk) út fuortkommen, dy't yn taalkundich opsjoch dúdlik gjin aparte talen binne. Yn dit gefal is de list lykwols oanpast oan 'e politike reäliteit.

Fierders binne ek útstoarne talen en dôvegebeartetalen opnommen. Utstoarne talen binne werom te kennen oan in dagger (†) foar de namme. Inkeld talen sûnder hjoeddeiske fuortsetting binne opnommen, dus bygelyks it Aldnederlânsk, Aldnoarsk, Midfrysk en Midfrânsk binne net opnommen, om't it Nederlânsk, resp. Noarsk, Frysk en Frânsk tsjintwurdich noch sprutsen wurde. Gebeartetalen binne opnommen mei't dat folweardige kommunikaasjefoarmen binne, mei deselde of ferlykbere struktueren as sprutsen talen (grammatika, leksikon, semantyk, ensfh.).

Grinzen De geografyske grinzen fan Jeropa binne: yn it noardwesten: de Strjitte fan Denemark (tusken Iislân en Grienlân yn); yn it easten: it Oeralberchtme; yn it súdeasten: it Kaukasusberchtme, de Swarte See en de Bosporus; yn is suden: de Middellânske See en de Strjitte fan Gibraltar. Foar it doel fan dizze list is dêr yn 'e folgjende gefallen fan ôfwykt: yn it noardwesten is Grienlân meinommen (dat eins ta Noard-Amearika heart), fanwegen de nauwe politike, kulturele en taalkundige bannen mei Skandinaavje; yn it súdeasten binne de lannen Georgje, Armeenje, Azerbeidzjan en Syprus meinommen, dy't geografysk sjoen ta Aazje hearre, mar om kulturele redens ornaris by Jeropa rekkene wurde; yn it súdwesten binne Ceuta en Melilla (de Spaanske eksklaves yn Noard-Afrika) en de Kanaryske Eilannen, de Azoaren en Madeara (geografysk sjoen eins ek ûnderdielen fan Afrika) meirekkene; ta einbeslút de trije lannen dy't sawol yn Jeropa as yn Aazje lizze: Turkije is yn syn gehiel opnommen fanwegen praktyske beswieren, om't der gjin sifers oangeande sprekkerstallen fan talen bekend binne dy't inkeld foar it Jeropeeske diel fan Turkije jilde. Fan Ruslân is yn prinsipe allinnich it Jeropeeske diel opnommen, mar de sprekkersoantallen fan in taal as it Russysk jilde foar it hiele lân, dus ynklusyf Sibearje; inkeld talen dy't útslutend yn Sibearje sprutsen wurde, binne weilitten. Fan Kazachstan leit mar in lyts stikje yn Jeropa, en oangeande dat lân binne dêrom inkeld in stikmannich talen opnommen dy't yn dat lytse diel sprutsen wurde (mar de sifer oangeande dy talen jilde wol wer foar it hiele lân).

Register: A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A Abazaansk (Abaza) - Noardwestkaukazysk, Abazgysk Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje (njonken it Russysk en 3 oare minderheidstalen) - 38.000 sprekkers (2010) Turkije: minderheidstaal, net erkend - 10.000 sprekkers (1995)

Abgazysk (Abšəa) - Noardwestkaukazysk, Abazgysk Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): offisjele taal (njonken it Russysk) - 122.000 (2003) Georgje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Abgaazje (dy't Georgje net behearsket) (njonken it Georgysk) - 3.500 sprekkers (2002; sprekkers yn Abgaazje net meirekkene) Ruslân: minderheidstaal, erkend - 6.800 sprekkers Turkije: minderheidstaal, net erkend - 4.000 sprekkers (1980) fan in etnyske groep fan 39.000 (2001)

Achvachysk (Ašvalli mic’i) - Noardeastkaukazysk, Avaarsk-Andynsk Ruslân: minderheidstaal, net erkend - 210 sprekkers fan in etnyske groep fan 7.900 minsken (2010)

Adygeesk (Adəgăbză) - Noardwestkaukazysk, Sirkassysk Kosovo: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear (600-700 sprekkers yn 1981, 100% fan de etnyske groep; de hiele mienskip waard yn 1998 ûnder de Kosovo-oarloch evakuëarre nei Adygeä) Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Adygeä (njonken it Russysk) - 118.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 125.000 minsken (2010) Turkije: minderheidstaal, net erkend - 278.000 sprekkers (2000)

Agûlsk (Ağul ç’al) - Noardeastkaukazysk, Lezgysk Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 29.000 sprekkers (2010) Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend - foarsafier bekend gjin memmetaalsprekkers mear (2007)

† Akkadysk (Akkadû) - Afro-Aziatysk, Semitysk (alternative nammen: Aldassyrysk, Assyrysk, Assyro-Babyloanysk en Babyloanysk) yn 'e Aldheid sprutsen yn súdeastlik Anatoalje en Mesopotaamje; útstoarn yn 'e 8e iuw f.Kr.; yn gebrûk foar akademyske en liturgyske doelen oant likernôch 100 (n.Kr.)

† Akkalysk (Ahkkil) - Oeralysk, Samysk Ruslân: minderheidstaal, erkend - gjin memmetaalsprekkers mear (útstoarn yn 2003) fan in etnyske groep fan 100 minsken (1995)

† Akwitaansk - wierskynlik besibbe oan it Baskysk yn 'e Aldheid sprutsen yn súdwestlik Frankryk en noardlik Spanje; útstoarn yn 'e Iere Midsiuwen

† Alaansk Yndo-Jeropeesk, Iraansk yn 'e Aldheid sprutsen yn súdlik Spanje en Noard-Afrika; nau besibbe oan it moderne Ossetysk; wierskynlik útstoarn yn 'e 6e iuw

Albaneesk (Shqip) - Yndo-Jeropeesk, Illyrysk Albaanje: offisjele taal - 2.312.000 sprekkers (2011) Bosnje-Hertsegovina: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 4.900 sprekkers (1991) Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers Grikelân: minderheidstaal, net erkend - 60.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 150.000 (2002/2007) Itaalje: minderheidstaal, erkend - 100.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 260.000 minsken (2007) Kosovo: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Servysk) - 1.645.000 sprekkers (2011) Kroaasje: minderheidstaal, net erkend - 14.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 18.000 minsken (2011) Masedoanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 16 gemeenten yn noardwestlik en westlik Masedoanje (njonken it Masedoanysk) - 508.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 509.000 minsken (2011) Montenegro: minderheidstaal, erkend; mei lanlik in semy-offisjele status; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Ulcinj - 33.000 sprekkers, wêrûnder 30.000 etnyske Albanezen fan in etnyske groep fan 31.000 minsken (2011) de Oekraïne: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 1.700 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.300 minsken (2001) Roemeenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 500 sprekkers fan in etnyske groep fan 4.000 minsken (2002) Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 3 gemeenten yn súdlik Servje - 62.000 sprekkers (2002) Sloveenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 4.000 sprekkers (1991) Turkije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 15.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 65.000 minsken (1980)

Albaneeske Gebeartetaal - dôvegebeartetaal Albaanje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 3.000 brûkers (2007)

Aldassyrysk, sjoch: Akkadysk

† Aldbelgysk - Yndo-Jeropeesk teoretyske taal dy't yn 'e Aldheid sprutsen wêze soe yn noardlik Frankryk en Belgje, en teffens oan 'e súdkust fan Ingelân; dizze teory wol hawwe dat it folk fan 'e Belgae net in foarm fan it Keltyske Gallysk sprieken, sa't ornaris oannommen wurdt, mar in Yndo-Jeropeeske taal dy't noch Keltysk, noch Germaansk wie; útstoarn yn 'e 6e of 7e iuw

† Aldkappadoasysk - ûnklassifisearre, mar wierskynlik Yndo-Jeropeesk, Anatoalysk yn 'e Aldheid sprutsen yn sintraal eastlik Lyts-Aazje; útstoarn omtrint de 6e iuw f.Kr.

† Aldkentyske Gebeartetaal - dôvegebeartetaal it Feriene Keninkryk: minderheidstaal, net erkend - gjin brûkers mear; útstoarn oan 'e ein fan 'e 18e of it begjin fan 'e 19e iuw

Aldkoersk, sjoch: Koerlânsk

† Aldmasedoanysk - Yndo-Jeropeesk, Trasysk of Helleensk yn 'e Aldheid sprutsen yn noardlik Grikelân en súdlik Masedoanje; rekke fan6of de 4e iuw f.Kr. stadichoan yn ûnbrûk; wierskynlik útstoarn foar it begjin fan 'e jiertelling

† Aldnovgorodsk - Yndo-Jeropeesk, Slavysk yn 'e Midsiuwen sprutsen yn noardwestlik Ruslân (de krite om Novgorod hinne); útstoarn yn 'e 15e iuw

† Aldprusysk (Prūsiska bilā) - Yndo-Jeropeesk, Baltysk Poalen: minderheidstaal, net erkend - foar safier bekend gjin memmetaalsprekkers (útstoarn yn 'e iere 18e iuw; der wurdt besocht dizze taal nij libben yn te blazen; 50 twadde-taalsprekkers yn 2009) Ruslân: minderheidstaal, net erkend - gjin memmetaalsprekkers (yn Ruslân yn 'e provinsje Kaliningrad, oan 'e Eastsee)

Aldsardinysk, sjoch: Noeragysk

Andalusysk Arabysk (Andalūsi) - Afro-Aziatysk, Semitysk fanôf de 9e iuw sprutsen op it Ibearysk Skiereilân; útstoarn yn 'e 17e iuw

Andynsk (Qwawannab micci) - Noardeastkaukazysk, Avaarsk-Andynsk Ruslân: minderheidstaal, net erkend - 5.800 sprekkers fan in etnyske groep fan 12.000 minsken (2010)

Anglo-Romany (Romanichal) - mingtaal it Feriene Keninkryk: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 90.000 sprekkers (1990)

Anzjevynsk (Angevin) - Yndo-Jeropeesk, Romaansk (faak beskôge as in dialekt fan it Frânsk) Frankryk: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers

Arabysk, sjoch: Andalusysk Arabysk, Marokkaansk-Arabysk, Mesopotamysk-Arabysk, Noardlevantynsk Arabysk, Noardmesopotamysk-Arabysk, Syprioatysk-Arabysk, Sisyljaansk-Arabysk en Sjirvaansk-Arabysk

Aragoneesk (Aragonés) - Yndo-Jeropeesk, Romaansk Spanje: minderheidstaal, erkend - 54.000 sprekkers (2011)

† Arameesk (Arāmît) - Afro-Aziatysk, Semitysk yn 'e Aldheid sprutsen yn súdlik Anatoalje, Syrje, Mesopotaamje en Palestina; foel omtrint it begjin fan 'e jiertelling útinoar yn ferskate talen, wêrûnder Assyrysk, Mandeesk en Syrysk

Araneesk, sjoch: Oksitaansk

Armeensk (Haieren) - Yndo-Jeropeesk, Armeensk Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol sprekkers fan it Homsjetysk, dat as in dialekt fan it Armeensk beskôge wurdt) Armeenje: offisjele taal - 2.962.000 sprekkers (2011) Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend (yn 'e oarspronklik autonome republyk Nagorno Karabach, dy't Azerbeidzjan net mear behearsket, is it Armeensk de offisjele taal) - 120.000 sprekkers (2009; sprekkers yn Nagorno Karabach net meirekkene) Bulgarije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 6.600 sprekkers (2011) Georgje: minderheidstaal, erkend; mei in beskate semy-offisjele status yn 'e súdlike regio Samtskhe-Javakheti, dêr't de Georgyske steat de folsleine kosten draacht foar omtrint 144 Armeensktalige skoallen - 249.000 sprekkers (2002) Grikelân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 60.000 sprekkers (2007)