Jochum van der Woude (Ljouwert, 16 maaie 1994) is in akteur út Hurdegaryp en kollumnist foar de UIT-bylage fan de Ljouwerter Krante.
Doe't er acht jier wie krige er toanielles by Parnas, sintrum foar de keunsten yn Ljouwert. Nei fjirtjin jier yn Ljouwert wenne te hawwen ferhuze er nei Hurdegaryp. Nei syn skoaltiid op it Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert waard er ôfwiisd op de jeugdteaterskoalle en woe doe ambulânsebroeder wurde. Van der Woude spile ek in skoft by jeugdsirkus Saranti en yn de lanlike finale fan de skoalierewedstriid Kunstbende yn de kategory Theater & Performance, dêr't er tredde waard. Skreau him yn by castingbedriuw Kemna en die meardere audysjes, wêrûnder dy foar Nova Zembla. Hy wurke dêr mei regisseur Reinout Oerlemans. Hy die yn 2012 audysje foar de Toanielskoalle yn Amsterdam en Arnhim.
Fan 2016 ôf wennet er yn Sutfen.
Nova Zembla Jochum spile yn de film Nova Zembla de rol fan Jan Frans fan Haarlim. Hy wie it jongste bemanningslid op it skip wêrmei't Willem Barents in noardlike trochgong nei de East besike te finen. As jongste rekke er befreone mei de haadrolspiler. Mei de bemanning makke hy de oerwintering op Nova Zembla mei. Yn de film spilen ek Doutzen Kroes, Robert de Hoog (as Gerrit van de Veer) en Derek de Lint.
Rollen telefyzje 2015 - Wildflowers, Gouke 2013 - Van God Los (telefyzjerige), Kevin Kuipers 2013 - Danni Lowinski (Nederlânske telefyzjerige), Lucas Vermaat 2013 - Van Gogh: een Huis voor Vincent, Cor van Gogh 2013 - SpangaS, Eddie 2013 - Feuten, Jeroen Beeksma 2012 - Hoe overleef ik .... (telefyzjerige) as Neuz yn de dielen: Rooz? / Een enorme puinhoop? / Sam? / Een nieuwe Rosa? 2011 - Flikken Maastricht as Melle 2012: Hoe overleef ik?, Neuz 2013: Van Gogh: een Huis voor Vincent, Cor van Gogh 2013: SpangaS, Eddie 2013: Feuten, Jeroen Beeksma 2013: Van God Los, Kevin Kuipers 2013: Danni Lowinski, Lucas Vermaat 2015: Wildflowers, Gouke
Film 2011 - Nova Zembla as Jan Fransz 2013: Feuten: Het Feestje, Jeroen Beeksma 2014 - Hoe overleef ik serie, Francine Oomen
Skriuwen Begûn yn 2008 mei skriuwen doe't syn âlden skieden, en publisearre syn gefoelens yn kollumns op ynternet. Wûn begjin 2011 de provinsjale foarronde "Write Now" yn Poppoadium Romein yn Ljouwert. Neist in jildbedrach bestiet de priis út in masterclass fan útjouwerij Augustus, in blog-kontrakt by Spunk.nl en optredens op it Geen Daden Maar Woorden Festival, De Nachten yn Antwerpen en Wintertuin yn Arnhim of Nymwegen.
Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Hurdegaryp Kategory:Persoan berne yn 1994