thumb|Jane Seymour by de Oscarútrikking yn 2010 thumb|Jane Seymour by de Emmy Awards (1994) Jane Seymour (berne as Joyce Penelope Wilhelmina Frankenberg Hayes, 15 febrewaris 1951) is in Britsk-Amerikaanske aktrise en filmprodusinte, dy't it meast ferneamd wurden is fan har haadrol yn Dr. Quinn, Medicine Woman. Njonken dat spile sy ek yn in protte telefyzjefilms en wie se it 'Bond-famke' yn de James Bond-film Live and Let Die (1973).

Seymour krige har toanieloplieding oan de ûnôfhinklike Arts Educational School, Tring Park yn it Ingelske greefskip Hertfordshire.

Privee Seymour waard yn Ingelân berne as dochter fan John Frankenberg en Mieke Frankenberg-van Trigt, in Nederlânske út Dimter. Sadwaande kin sy har ek yn it Nederlânsk rêde.

Jane Seymour hat trijeris earder troud west: 1971 troude sy mei Michael Attenborough, soan fan regisseur Richard Attenborough; 1973 folge de skieding 1977 troude sy mei Geoffrey Planer, skieding yn 1978 1981 troude sy mei David Flynn, skieding yn 1992 15 maaie 1993 boaske sy oan akteur, regisseur, produsint en jongere broer fan akteur Stacy Keach, James Keach. Sy hat fjouwer bern, twa út it tredde en in twaling út it lêste houlik.

Filmografy (kar-út) 1972: The Onedin Line, TV-rige 1973: Live and Let Die 1977: Sinbad and the Eye of the Tiger 1978: Battlestar Galactica 1980: Oh Heavenly Dog 1980: Somewhere in TimeSomewhere in Time yn Internet Movie Database 1981: East of Eden 1982: The Scarlet Pimpernel 1983: The Phantom of the Opera 1988: Jack the Ripper 1988–1989: War and Remembrance 1989: La Révolution française 1990: Matters of the Heart 1993: Heidi 1993–1998: Dr. Quinn – Medicine Woman 1998: The New Swiss Family Robinson 2000: Yesterday’s Children 2004–2005: Smallville 2005: Wedding Crashers 2007: How I Met Your Mother (gastrol) 2011: Love, Wedding, Marriage 2014: A Royal Christmas - keninginne Isidora fan Cordinia (telefyzjefilm)

Keppeling om utens Offisjele webside www.friendsofjane.com Webside oer J. Seymour

Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk berneboekeskriuwer Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk berneboekeskriuwer Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Emmy-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Ingelsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk-Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1951