thumb|Olivia Newton-John yn 1988 Dame Olivia Newton-John OA-OBE (Cambridge, 26 septimber 1948 - Santa Barbara Kalifornje, 8 augustus 2022) wie in Britsk-Australysk sjongster en aktrise. Hja waard berne yn Ingelân, mar groeide op yn Austraalje. Yn 'e 1970-er jierren makke Newton-John karriêre as sjongster, benammen mei countrymuzyk, al die se yn 1974 ek foar it Feriene Keninkryk mei oan it Eurofyzjesjongfestival. Hja briek yn 1978 wrâldwiid troch as aktrise en as sjongster mei har rol as Sandy yn 'e filmmusical Grease. Dêrút kamen ferskate ûnbidich grutte hits fuort, lykas You're the One That I Want (in duët mei har tsjinspiler John Travolta), Summer Nights en Hopelessly Devoted to You. Se hie neitiid noch ferskate oare grutte hits, wêrûnder Xanadu (1980) en Physical (1981). Yn 1992 waard by Newton-John boarstkanker fêststeld, mar nei behanneling waard se genêzen ferklearre. Yn 2017 kaam de sykte lykwols werom en yn augustus 2022 kaam hja dêroan te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 73 jier.
Biografy Olivia Newton-John waard yn 1948 berne yn Cambridge, yn Ingelân, út in Welske heit en in Joadske mem dy't mei har famylje it nazyrezjym yn Dútslân ûntflechte wie.
Doe't sy fiif jier wie ferfear sy mei har âlden nei Austraalje. Olivia is in pakesizzer fan Max Born (winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1954).
Yn de jierren 60 gie Newton-John werom nei Grut-Brittanje. Yn 1970, mei 21 jier, sette sy har muzikale karriêre útein yn de band Toomorrow, de namme ôflaat fan har twadde film Toomorrow. De groep hie net safolle súkses, mar it slagge Newton-John wol rillegau in solokarriêre te begjinnen. Sy skoarde har earste hit yn 1971 mei it Bob Dylan-nûmer If not for you. Sy hie yn dy snuorje ferkearing mei Bruce Welch, gitarist fan The Shadows en trede op yn de wyklikse show fan Cliff Richard.
Olivia kaam foar it Feriene Keninkryk út op it 19e Eurofyzjesjongfestival, op 6 april 1974 in Brighton, Ingelân. Fan de 17 lannen dy't meidienen wûn Sweden mei 24 punten mei it nûmer Waterloo, útfierd troch ABBA. Olivia einige op it 4e plak mei 14 punten. De plaat kaam op in 11e plak yn de Britske hitlist. Yn 1974 wie se ien fan de meast populêre sjongsters fan Grut-Brittanje.
In skofte letter ferhuze sy nei de Feriene Steaten. Ek dêr krige hja in súksesfolle sjongkarriêre; sy skoarde fiif nûmer-1 hits en wûn fjouwer Grammy Awards.
As aktrise waard sy tige ferneamd troch har haadrol, neist John Travolta, yn de film Grease. Lettere films dêr't sy yn meidie hiene lang safolle súkses net. Sy hie noch wol in nûmer-1 hit yn Nederlân mei Xanadu, de titelsong fan de film mei deselde namme, dêr't sy yn spile mei ûnder oaren Gene Kelly en Michael Beck. De muzyk yn dy film wie fan ELO (Electric Light Orchestra). Ien fan de lieten wie 'Suddenly', in duet mei Cliff Richard.
Privee Newton-John hat tusken 1984 en 1995 troud west mei Matt Lattanzi; sy hawwe in dochter, Chloe (1986).
Yn 1992 krige se boarstkanker, dêr't sy better fan wurden is. Sûnt 1996 wenne sy mei kameraman Patrick McDermott, dy't yn 2005 samar ynienen fuort rekke by it fiskjen. Der wurdt lykwols oannaam dat McDermott noch libbet.https://archive.is/20120530040401/www.news.com.au/entertainment/story/0,,24973799-10230,00.html
Yn 2008 boaske sy mei sakeman John Easterling. Yn 2017 waard bekend de boarstkanker wer werom wie ad.nl 30-5-2017, Olivia Newton-John heeft weer borstkanker, Olivia Newton-John ferstoar op 8 augustus 2022 yn 'e âldens fan 73 jier oan de gefolgen fan dizze sykte. nos.nl 8-8-2022, Zangeres en actrice Olivia Newton-John (73) overleden
Filmografy
|1965||Funny Things Happen Down Under||Olivia|| |- |1970||Toomorrow||Liv|| |- |1978||Grease||Sandy Olsson|| |- |1980||Xanadu||Kira|| |- |1983||Two of a Kind||Debbie Wylder|| |- |1990||A Mom for Christmas||Amy Miller||Telefyzjefilm |- |1994||A Christmas Romance||Julia Stonecypher||Telefyzjefilm |- |1996||It's My Party||Lina Bingham|| |- |2000||Sordid Lives||Bitsy Mae Harling|| |- |2001||The Wilde Girls||Jasmine Wilde||Telefyzjefilm |- |2010||1 a Minute||Herself|| |- |2010||Score: A Hockey Musical||Hope Gordon|| |- |2011||A Few Best Men||Barbara Ramme|| |- |2017||Sharknado 5: Global Swarming||Orion||Telefyzjefilm |- |2020||The Very Excellent Mr. Dundee||Olivia||
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesIf Not for You1 novimber 1971FestivalIf Not for You (Bob Dylan cover),Banks of the OhioOlivia11 augustus 1972What Is Life (George Harrison cover),Just a Little Too Much (Ricky Nelson cover)Let Me Be There20 maart 1973MCATake Me Home, Country Roads (John Denver cover),Let Me Be ThereLong Live Love24 juny 1974EMILong Live LoveHave You Never Been Mellow12 febrewaris 1975MCAHave You Never Been Mellow,Please Mr. PleaseClearly Love30 septimber 1975Something Better to Do,Let It ShineCome On Over29 febrewaris 1976Come on Over (Bee Gees cover),Jolene (Dolly Parton cover)Don't Stop Believin'30 oktober 1976Don't Stop Believin',Every Face Tells a Story (Cliff Richard cover),SamMaking a Good Thing Better3 novimber 1977Making a Good Thing Better,Don't Cry for Me Argentina (Julie Covington cover)Totally Hot22 novimber 1978A Little More Love,Deeper Than the Night,Totally HotPhysical13 oktober 1981Physical,Make a Move on Me,LandslideSoul Kiss25 oktober 1985Soul Kiss,Toughen UpThe Rumour2 augustus 1988The Rumour,Can't We Talk It Over in BedWarm and Tender9 septimber 1989GeffenReach Out for Me (Lou Johnson cover),When You Wish Upon a Star (Cliff Edwards cover)Gaia: One Woman's Journey26 july 1994FestivalNo Matter What You Do,Don't Cut Me DownBack with a Heart12 maaie 1998MCAI Honestly Love You,Precious Love,Back with a Heart'Tis the Season(mei Vince Gill)1 septimber 2000Hallmark(2)12 novimber 2002FestivalStronger Than Before1 septimber 2005WarnerGrace and Gratitude25 augustus 2006EMIInstrument of Peace,Help Me to HealChristmas Wish1 oktober 2007WarnerA Celebration in Song3 juny 2008This Christmas(mei John Travolta)9 novimber 2012UniversalLiv On(mei Amy Sky & Beth Nielsen Chapman)7 oktober 2016SonyFriends for Christmas(mei John Farnham)11 novimber 2016
Cover-album Album Utbrocht op Label SinglesIndigo: Women of Song17 oktober 2004Festival
Soundtrack-albums Film Album Utbrocht op Label SinglesGreaseGrease(mei John Travolta)14 april 1978RSOGrease,You're the One That I Want,Hopelessly Devoted to You,Summer Nights,Sandy,Greased Lightnin'XanaduXanadu(mei ELO)8 augustus 1980MCAMagic,I'm Alive,Xanadu,All Over the World,Suddenly,Don't Walk AwayTwo of a KindTwo of a Kind(mei John Travolta)16 desimber 1983Twist of Fate,Ask the Lonely,Livin' in Desperate Times,It's Gonna Be Special,Take a ChanceSordid LivesSordid Lives11 maaie 2001Varèse SarabandeSordid Lives: The SeriesSordid Lives: The Series1 jannewaris 2008A Few Best MenA Few Best Men20 jannewaris 2012UniversalMickey (Chew Fu Fix)
Live-albums Album Utbrocht op Label Love Performance1981EMIHighlights from The Main Event(mei John Farnham en Anthony Warlow)3 desimber 1998FestivalOne Woman's Live Journey19 septimber 2000Olivia's Live Hits15 jannewaris 2008EMISummer Nights: Live in Las Vegas3 maart 2015SonyTwo Strong Hearts Live(mei John Farnham)26 juny 2015
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opIf You Love Me, Let Me Know28 maaie 1974First Impressions1974Crystal Lady1976Olivia Newton-John's Greatest Hits1977Retrato1981Olivia's Greatest Hits Vol. 23 septimber 1982Olivia Newton-John Box3 desimber 1983Back to Basics:The Essential Collection 1971–19929 juny 1992Magic:The Very Best of Olivia Newton-John11 septimber 2001The Definitive Collection2001Gold14 juny 200540/40: The Best Selection13 oktober 201040th Anniversary Collection13 desimber 2010Icon8 oktober 2013Hopelessly Devoted: The Hits8 juny 2018
Singles sûnder album Singles Single Utbrocht yn Till You Say You'll Be Mine (Jackie DeShannon cover)1966The Grease Megamix(mei John Travolta)1990Grease: The Dream Mix (mei Frankie Valli en John Travolta)1991Hope Is Always Here(mei David Foster)2009Magic (mei Wacci)2011When You Wish upon a StarThe Window in the Wall(mei Chloe Lattanzi)2021
Singles as gastmuzikant Single Utbrocht yn Mei I Touch Myselfjuny 2014I Touch Myself ProjectYou Have to Believe10 augustus 2015Dave Audé & Chloe Lattanzi
Keppeling om utens Offisjele webside
Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk country-artyst Kategory:Ingelsk popartyst Kategory:Ingelsk musicalakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Australysk sjonger Kategory:Australysk country-artyst Kategory:Australysk popartyst Kategory:Australysk musicalakteur Kategory:Australysk telefyzje-akteur Kategory:Australysk filmakteur Kategory:Grammy-winner Kategory:Emmy-winner Kategory:Ingelsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Welsk komôf Kategory:Australysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Australysk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf Kategory:Australysk persoan fan Ingelsk-Joadsk komôf Kategory:Australysk persoan fan Welsk komôf Kategory:Dielnimmer oan it Eurofyzjesjongfestival Kategory:Persoan berne yn 1948 Kategory:Persoan stoarn yn 2022