Anklam is in lytse stêd yn de Dútske dielstaat Meklenburch-Foarpommeren. Anklam hat sa'n 14.100 ynwenners. De stêd leit oan de rivier de Peene. Yn 1283 waard Anklam lid fan de Hânze.

Nei de Twadde Wrâldkriich, dêr't de stêd in soad skea yn oproan, hearde Anklam oan de DDR.

Guon 13e iuwske bouwurken yn Noard-Dútske bakstiengotyk hawwe de kriich oerlibbe: de Steintor en de Marienkirche (nei de oarloch restaurearre). De Nikolaikirche wie sûnt de kriich in ruïne, mar is restaurearre.

Berne yn Anklam Otto Lilienthal (1848-1896), Dútsk loftfeartpionier Ulrich von Hassell (1881-1944), Dútsk politikus en diplomaat Günter Schabowski (1929), Dútsk SED-partijlieder

Stoarn yn Anklam Max Wagenknecht (1857-1922), Dútsk komponist

Keppelings om utens St.Nikolaitsjerke Otto-Lilienthal-Museum

Kategory:Hânzestêd Kategory:Plak yn Meklenburch-Foarpommeren Kategory:Gemeente yn Meklenburch-Foarpommeren