thumb|left|160px|Albany yn Albany County yn de steat New York thumb|160px|left|Kaart fan Albany, 1695

Albany is de haadstêd fan de Amerikaanske steat New York. De stêd leit yn it easten fan de steat yn Albany County, dêr't it ek it haadplak fan is. Albany leit benoarden fan de stêd New York, op it plak dêr't de rivieren de Mohawk en de Hudson by elkoar komme. Albany hie yn 2006 93.963 ynwenners. In part fan de State University of New York is der festige.

Skiednis Albany ûntstie yn 1647 by it troch de Nederlanners yn 1624 stichte Fort Oranje, dat Fort Nassau ferfange moast. It fort wie in hannelspost dêr't fral beverpelzen fan de ynlânske befolking ynkocht waarden. De stêd hiet yn 't earstoan Beverwijck en wie de twadde stêd fan Nij-Nederlân nei Nij-Amsterdam. De stichter wie Brant fan Slichtenhorst. Yn 1660 hie de stêd 1050 ynwenners. De twa wichtichste strjitten hieten de Handelaersstraet (no Broadway) en de Jonckheerstraet (no State Street). De stêd hie ringsom in houten palissade.

Yn 1664 ferôveren de Ingelsken it gebiet. Se doopten it fort om yn Albany, ta eare fan de Hartoch fan Albany, de lettere kening Jakobus II fan Ingelân. Yn 1797 waard Albany de haadstêd fan de steat New York.

Stedebân Nymwegen (Nederlân) Toela (Ruslân) Ferona (Itaalje) Nassau (Bahama's)

Berne yn Albany Peter Gansevoort (17 july 1749), militêr Joseph Henry (17 desimber 1797), natuerkundige Philip Sheridan (6 maart 1831), generaal George Yates (26 febrewaris 1843), militêr Harold Chestnut (25 novimber 1917), elektrotechnikus Marion Zimmer Bradley (3 juny 1930), auteur William Devane (5 septimber 1937), akteur John McTiernan (18 jannewaris 1951), regisseur Jan Kerouac (16 febrewaris 1952), skriuwster Kirsten Gillibrand (9 desimber 1966), senator

Kategory:Plak yn New York (steat) Kategory:Plak stifte yn 1614