thumb|250px|Evan Rachel Wood thumb|250px|Wood op it Tribeca Film Festival, april 2009 Evan Rachel Wood (Raleigh (Noard-Karolina), 7 septimber 1987) is in Amerikaanske aktrise. Sy waard op it Filmfestival fan Cannes 2007 útroppen ta frouljus-iepenbiering fan it jier. Earder waard sy nominearre foar ûnder oaren in Golden Globe en in Satellite Award foar har haadrol yn Thirteen.
Biografy Wood is de dochter fan akteur Ira David Wood III (1947) en aktrise Sara Lynn Moore (1958).
Wood krige op har tsiende foar it earst in haadrol, yn Digging to China. Dat jier spile hja ek in lytse rol yn Practical Magic, mei Sandra Bullock en Nicole Kidman.
Yn Once and Again wie hja fan 1999 oant 2002 ien fan de mear prominint personaazjes. Wood wie yn 2010 fersein oan sjonger Marilyn Manson.
Thirteen Wood hie 2003 de haadrol yn de film Thirteen, wat har ûnder mear in beneaming foar in Golden Globe oplevere. Wood spilet in trochsneed teenerfamke dat troch in foute freondinne yn de wrâld fan drugs, seks en dieverij te lâne komt.
Wood hie yn 2004 de haadrol yn de bioskoopfilms Raise Your Voice en Mean Girls. Op it lêste stuit waard hja ferfongen troch Hilary Duff en Lindsay Lohan. Fan 2005 ôf ferskynde hja in films dy't safolle omtinken net lutsen. Har grutte trochbrekken kaam yn 2010 mei har rol yn de populêre hitrige True Blood.
Filmografy (kar-út) 1998: Digging to China 1998: Practical Magic 1999: Once and Again 1999: Detour 2001: Little Secrets 2002: S1m0ne 2003: Thirtee) 2003: CSI: (ôfl. 3.12) 2003: The Missing 2005: Pretty Persuasion 2005: The Upside of Anger 2005: Down in the Valley 2006: Running With Scissors 2007: King of California 2007: The Life Before Her Eyes 2007: Terra 2007: Across the Universe 2008: The Wrestler 2009: Whatever Works sûnt 2009: True Blood (tv-rige) 2010: The Conspirator 2010: Mildred Pierce (minyrige) 2011: The Ides of March 2013: The Necessary Death of Charlie Countryman - Gabriela 'Gabi' Ibanescu 2013: A Case of You - Birdie 2014: Barefoot - Daisy Kensington 2015: Into the Forest - Eva 2015: Strange Magic - Marianne (stim) 2016: Westworld - Dolores Abernathy (telefyzjerige) 2017: Allure - Laura Drake 2017: Be Natural: The Untold Story of Alice Guy-Blaché - as harsels (dokumintêre) 2018: Viena and the Fantomes
Keppeling om utens Wood yn de IMDb Fanwebside Ynterview, 2003, Girl.com Ynterview, 2001, CNN.com
Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk musicalakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk taekwondobeoefener Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1987