Constance Booth (Indianapolis, Indiana; 31 jannewaris 1944) is in Amerikaansk senarioskriuwster en aktrise. Booth is it meast ferneamd troch har optredens op de Britske telefyzje, benammen troch har wurk yn 'e mande mei John Cleese, dêr't sy doe mei troud wie.
Booth makke har debút op de Britske televisie yn 1968. Sy trede geregeldwei op yn de telefyzjerige Monty Python's Flying Circus. Yn de film Monty Python and the Holy Grail wie sy de frou dy't beskuldige waard fan tsjoenderij. Sy skreau en aktearre tegearre mei har doetiidske man John Cleese yn de telefyzjerige Fawlty Towers.
Booth en Cleese trouden op 20 febrewaris 1968 en gienen yn 1978 út elkoar. Sy hawwe in dochter, Cynthia Cleese (berne yn 1971).
Connie Booth spile dêrnei ferskate rollen op de Britske telefyzje, soms kaam har Amerikaansk aksint dêrby fan pas, sa as foar de rol fan Mrs. Errol yn de BBC-bewurking fan Little Lord Fauntleroy en juffer March yn Edith Wharton har The Buccaneers. Booth aktearret net mear, sy is no oant wurk as psychoterapeut yn London.
Sûnt 2000 is Booth troud mei de Amerikaansk-Britske teäterkritikus John Lahr.
Filmografy And Now For Something Completely Different (1971) - ferskate karakters Monty Python and the Holy Grail (1975) - De tsjoenster Little Lord Fauntleroy (1980) - Frou Errol Why Didn't They Ask Evans? (1980) - Sylvia Bassington-ffrench American Friends (1991) - Caroline Hartley
Keppeling om utens Connie Booth yn de IMDb BBC Comedy Guide entry
Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk psycholooch Kategory:Persoan berne yn 1944