De Ingveonismen binne in stikmannich taalkundige fernijings yn de Westgermaanske talen, dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium foardienen. Yn dizze fernijings lizze foar in grut part de ferskillen tusken de Noardwestgermaanske talen en de Súdwestgermaanske talen. It is lykwols al sa dat de Ingveonismen har foar in part ek oppenearre hawwe yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen. De Heechdútske talen hawwe dêrfoar gjin part oan de Ingveonismen hân.

Oersjoch De wichtichste Ingveonismen binne: Ienheidsmeartal fan tiidwurden Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden Nasaalútfal Assibilaasje

Dêrnjonken wurde lykwols ek noch oare feroarings beskôge as Ingveonismen. Hjirûnder wurde de ferskate Ingveonismen toand út de ferskillen tusken Noarwestgermaansk Ingelsk en Frysk, Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk Nederlânsk en Súdwestgermaansk - Heechdútsk Dútsk.

Ienheidsmeartal fan tiidwurden By de talen oars as de Heechdútske talen waarden de ferskillende ferbûgings wei fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden.

Bygelyks, de ferskate talen hawwe de neikommende persoansfoarmen foar it tiidwurd "hawwen": persoanIngelskFryskNederlânskDútsk1e meartalhavehawwehebbenhaben2e meartalhabt3e meartalhabenmeartalfoarmenienheidsmeartalienheidsmeartalienheidsmeartalôfsûnderlik

Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden By de Noardwestgermaanske talen waard it aparte, weromwurkjend foarnamwurd fan de tredde persoan wei en waard it ferfongen troch foarmen fan it oanwizend foarnamwurd.

Bygelyks, yn sinnen as "Hy wasket him.", hawwe de talen yn it iental de neikommende weromwurkjende foarnamwurden: persoanIngelskFryskWestfryskWest-FlaamskNederlânskDútsk3e manlikhimselfhimhimselfemzichsich3e froulikherselfharheurselfeur3e meartalthemselvesharhunselfulderûnbeskaatoneselfjinutetfoarnamwurdoanwizendoanwizendoanwizendoanwizendweromwurkjendweromwurkjend

Nasaalútfal By de Noardwestgermaanske talen foel in nasale klank wei foar beskate ploffers en wriuwlûden. Foar in lytser part barde dit ek yn de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen.

Bygelyks, de neikommende wurden hienen yn it Westgermaansk in n. (De weiwurden parten binne yn dizze tabel mei iepenings oanjûn.) IngelskFryskNederdútskNederlânskDútskfivefiiffiev, fiefvijffünfsoftsêftsachtzachtsanftusúsusons (West-Flaamsk uus, Limburchsk oos, ós)unsgoosegoes, guosGoosgansGansotheroarannerander (Frânsk-Flaamsk aajer)ander

Assiblaasje Yn de Noardwestgermaanske talen hat assibilaasje west. Dit binne ferskate lûdferskowings, yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden.

Bygelyks, yn de neikommende foarbylden binne de skeane letters foarmen fan assiblaasje.

<big><big>G-lûd wurdt J-lûd</big> IngelskFryskNederlânskDútskdaydeidagTagwayweiwegWegrainreinregenRegenyarnjerngarenGarnyesterdayjustergisterengesternto yieldjildegeldengeltento forgetferjittevergetenvergessen

<big><big>K-lûd wurdt TSJ-lûd</big> IngelskFryskNederlânskDútskmidgemichmugMückehedgehegge (Sealtersk)hegHeckechurchtsjerkekerkKirchechurltsjirlkerelKerlchalicetsjelkkelkKelchcheesetsiiskaasKäsechafftsjêfkafKaffchurntsjernjekarnenkernenkettletsjettelketelKesselbrokenbrutsengebrokengebrochenstretchstrekkestrekkenstrekkenstitchstekkestekkenstechen

<big><big>U-lûd wurdt I of E-lûd</big> IngelskFryskNederlânskDútskbridgebrêge, briggebrugBrückeridgerêch, richrugRückethintindundünn

Namme De namme "Ingveonisme" komt fan de Ingvaeonen, de Noardseekustbewoaners fan Galje oant Denemark, yn de earste iuw nei Kristus, sa't dy beskreaun waarden troch de Romeinen. Der wurdt ûngelyk tocht oer dizze namme om't in ferbân mei dit folk, sa't de namme it suggerearret, hielendal net oantoand wurde kin.

Kategory:Frysk