thumb|Steaten en dielrepubliken dy't lid binne fan TÜRKSOY
TÜRKSOY (Turksk: Uluslararası Türk Kültürü Teşkilatı - TÜRKSOY) is in feriening fan Turksktalige steaten dy't yn 1993, krekt nei de fal dan de Sowjetuny, oprjochte is. Yn it foarste plak stiet de organisaasje noed foar kulturele saken mei de klam op it kultureel-eigene.
Skiednis
Alle Turksktalige republiken dy't yn 1992 ûnôfhinklik wienen, waarden lid fan de feriening, lykas Turkije, Noard-Syprus en inkelde Russyske dielrepubliken. Grutte Turkske regio's dy't gjin diel útmeitsje fan de organisaasje binne Sinkiang (Sina) en it Iraanske Azerbeidzjan.
TÜRKSOY is sûnt 2006 dwaande om in gearwurkingsprojekt op te setten mei UNESCO.A promissing meeting at UNESCO (Zhanar TEMİRBEKOVA)
Yn 2009 waard de Turkske ried oprjochte as polityk orgaan. TÜRKSOY sil him yn 'e takomst mooglik ûnder de Turkske ried fierder ynsette op it mêd fan kulturele gearwurking.
Leden De neikommende lannen binne lid: Azerbeidzjan Kazakstan Kirgyzje Oezbekistan Turkije Turkmenistan Turkse Republyk Noard-Syprus
De neikommende ôfhinklike gebieten binne lid: Altaj Basjkortostan Gakassië Gagaûzië Jakoetië Tatarstan Toeva
Sjoch ek Turkske folken
Keppeling om utens Turksk berjocht oer 'TÜRKSOY'
Referinsjes
Kategory:Ynternasjonale organisaasje Kategory:Taalorganisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1993