Kate Lynne "Katie" Nauta (Salem, 29 april 1982) is in Amerikaansk moademodel, aktrise en sjongster. Sy brûkt de namme 'Katie' foar har wurk as model en 'Kate' foar har filmwurk.

Jonkheid Nauta waard grut yn Woodburn (Oregon) en wenne dêr oant 2000. Nauta hat Friezen ûnder har foarâlden.

Modellewurk Nauta sette mei modellewurk útein doe't se 15 jier wie. Mei 17 wûn hja de Elite Model Look-wedstriid yn de FS. Sy hat no in kontrakt by Mode Models International.mode models Sy hat wurke foar Versace (Sport and Versus), L'Oréal, DKNY en Abercrombie & Fitch Co. en docht ek reklamewurk, ûnder oaren foar Motorola.Basic description as a model from her agency Mjitten Lingte: 176.5cm Mjitten lichem: 84-61-89 Kleanmjitte: 36 Skuonmjitte: 39

Muzyk Nauta sjongt en skriuwt ek lieten. Sy hat mei Lenny Kravitz oan har muzyk wurke.Kate Nauta MySpace page Har song Revolution is te hearren yn de soundtrack fan de film Transporter 2.

Aktearje Luc Besson fûn Nauta foar de rol fan 'Lola' yn Transporter 2 en brûkte twa fan har lieten foar de soundtrack fan dy film. Nauta is fierders te sjen yn de Webrige Fear Clinic.Exclusive Image: Fear Clinic

Filmografy 37 (2014) - Dani Avalanche Sharks (2013) - Diana Dance Crew (2012)- Fiona Drive and Seek (koarte film) (2011) Weapons of God (2010) - Ashalmantra The Somnambulist (2010) - Suster Mary Choose (2010) - Jenna Mind Games (2009) Nine Miles Down (2009) - Jennie Christianson (JC) The Good Guy (2009) - Cynthia The Game Plan (2007) - Tatianna Transporter 2 (2005) - Lola

Keppelings om utens Kate Nauta yn de IMDb Kate Nauta by fashionmodel

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk filmakteur kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1982