Richmond is de haadstêd fan de steat Firginia yn de Feriene Steaten en leit oan de rivier de James, sa'n 150 kilometer stream op fan de mûning yn de Chesapeakebaai. __TOC__

Ut de skiednis thumb|left|225px|Richmond yn pún, nei de ein fan de Boargerkriich It gebiet dêr't Richmond no leit waard foar it east ferkend troch Ingelske kolonisten ûnder kaptein Christopher Newport om 1607 hinne. Lykwols kaam de hannel dêr earst goed opgong om 1644 hinne doe't it nijboude Fort Charles mear besteanssekerheid joech en mear kolonisten luts. Rillegau waard it doe in hannelspost foar pelzen, bistehûden en tabak.

Yn 1737 waard de stêd stifte troch oerste William Byrd II op it plak dêr't ea de haadstêd fan it yndiaanske ryk Powhatan lei, dat troch de Ingelsken ferovere waard. Doe't Richmond yn 1742 stedsrjocht krige wennen der 250 minsken. Yn 1782, in koart skoft neidat de Ingelsken har oerjûn hiene yn de Amerikaanske Unôfhinklikheidskriich waard Richmond de haadstêd fan Firginia. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch wie it de haadstêd fan de Konfederaasje. Krekt foar it belies fan de Konfederaasje ferwoastgen soldaten fan de Konfederaasje grutte dielen fan de stêd.

Richmond hat omdat it de haadstêd fan de súdlike steaten wie yn de Boargerkriich in protte museums en monuminten, benammen oan de Monument Avenue, wijd oan dat haadstik fan syn skiednis.

Yn 1888 krige Richmond as earste yn de Feriene Steaten in elektryske tram.

Demografy Fan de befolking is 13,2 % âlder as 65 jier en bestiet foar 37,6 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 2,9 % (sifers folkstelling 2000) fan de befolking.

Likernôch 2,6 % fan de befolking fan Richmond bestiet út hispanics en latino's, 57,2 % is fan Afrikaanske oarsprong en 1,2 % fan Aziatyske oarsprong.

It ynwennertal sakke fan 202.713 yn 1990 nei 197.790 yn 2000, mat sit no wer op goed 204.000.

Klimaat Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 2,1 °C, yn juli is dat 25,6 °C. Der is trochstrings 1096,3 mm neerslag it jier (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Richmond James Branch Cabell (1879–1958), Amerikaansk sciencefiction en fantasyskriuwer Tom Wolfe (1930, Amerikaansk auteur en sjoernalist Shirley MacLaine, (1934), Amerikaansk aktrise (suster fan akteur/regisseur Warren Beatty) Warren Beatty (1937), Amerikaansk filmakteur, -regisseur en -produsint Arthur Ashe (1943-1993), Amerikaanske tennisser Jim Gilmore (1949), Amerikaanske politikus Frank Wiley (1949), Amerikaansk komponist, muzykpedagooch en dirigint David Baldacci (1960), Amerikaansk auteur Aimee Mann (1960), Amerikaansk singer-songwriter Mark Morton (1972), Amerikaansk lead gitarist-songwriter Wes Borland (1975), Amerikaanske gitarist-sjonger Mickie James (1979), Amerikaansk beropswrakselster

Stoarn yn Richmond John Tyler ((1790-1862), Amerikaansk politikus (10e presidint fan de Feriene Steaten) James Branch Cabell (1879–1958), Amerikaansk sciencefiction en fantasyskriuwer

Sjoch ek Edgar Allan Poe Jefferson Davis Ulysses S. Grant Watchman Nee

Keppeling om utens Webside fan it Poe-museum fan Richmond

Kategory:Plak yn Firginia Kategory:Plak stifte yn 1737