Jan van Beyma (Ljouwert, 10 juny 1848 - De Haach, 25 july 1900) wie in Nederlâns boargemaster.
Famylje Van Beyma wie in soan fan Jhr. Mr. Julius Matthijs van Beyma (1813-1898), ofsier fan justysje, en Anna Catharina Adema (1814-1848). Hy troude mei Lucia Aleida Kymmell (1852-1934). Fan 1874 oant 1876 wie er boargemaster fan Zuidwolde. Hy folge yn 1876 syn efterneef U.J. Heerma van Beyma thoe Kingma op as boargemaster fan Lemsterlân en bleau dat oant 1885. Hy ferhuze letter nei Flaardingen. Van Beyma stoar mei 52 jier.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1848 Kategory:Persoan stoarn yn 1900