Sportpark Tinga is in sportpark yn de stêd Snits, direkt súdlik fan Sportpark Fuotbalferiening Sneek.
It sportpark bestiet út tsien smashcourttennisbanen, twa keunstgershockeyfjilden, in strânfollybalakkommodaasje en in parkoer mei fitnesstastellen. De ferienings dy't it park brûke binne De Vliegende Bal en de Snitser Mixed Hockey Club. Beide ferienings hawwe ek in clubgebou op it park.
Kategory:Sportstadion yn Fryslân Kategory:Sportakkommodaasje yn Snits Kategory:Bouwurk yn Snits (gemeente) Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 20e iuw