Neptunia '24 is de ienige swim- en wetterpoloferiening yn Snits.
De feriening is neamd nei de God fan de See Neptunus en waard yn 1924 oprjochte. Yn de begjinjierren hie Snits noch gjin oerdekt swimbad, en waard der swommen yn it Spoardok. It thúsbad fan de feriening is it nije swimbad It Rak. Yn 2011 hie de feriening 400 leden. Yn It Rak hat de feriening in clubhûs: De Brug.
Opbou De feriening is opboud út fiif ôfdielings: Ofdieling Ledenoantal RES rekreatyf- en elemintêr swimmen (oanpast swimmen) Senioareswimmen Trimswimmen Wetterpolo 150 Wedstriidswimmen 45
It earste team fan de waterpoloôfdieling komt yn 2010/2011 út yn de tredde klasse.
Kategory:Sportferiening yn Snits Kategory:Fryske swimferiening Kategory:Fryske wetterpoloklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1924