200px|thumb|right|Tennis tidens de spullen fan Londen 1908
De Olympyske Simmerspullen 1908, ek wol de IVe Olympiade neamd waarden yn 1908 yn Londen, Grut-Brittanje hâlden. It tennis waard hâlden yn it All England Lawn Tennis and Croquet Club, better bekind as it Wimbledonstadion.
All England Lawn Tennis and Croquet Club De All England Lawn Tennis and Croquet Club waard oprjochte yn 1868 oprjochte as de All England Croquet Club, oan de Worple Road yn Wimbledon. Fanôf 1877 begûn hja mei tennissen en waard de namme feroarre yn All England Lawn Tennis and Croquet Club. Yn 1882 waard Croquet út de namme skrast, om't tennis no de haadaktiviteit wurden wie. Sân jier letter waard it Croquet toch wer opnaam yn de namme, fanwege sentimentele redenen. Yn 1908 waard der op it Centre Court fan de club it Olympyske Tennis Toernoai hâlden. Yn 1922 ferhuzze de All England Lawn Tennis and Croquet Club nei de Church Road. It eardere Centre Court fan de club oan de Worple Road wêr't yn 1908 de Olympyske tennissers spilen wurdt hjoed-de-dei brûkt troch de Wimbledon High Scool. Original home of Wimbledon Championships dedicated 23-06-2012 Your Local Guardian.co.uk
Utslaggen Yndividueel Manlju # Tenniser Lân Josiah Ritchie Otto Froitzheim Wilberforce Eaves Froulju # Tenniser Lân Dorothea Chambers Penelope Boothby Ruth Winch
Yndividueel binnenbaan Manlju # Tenniser Lân Arthur Gore George Caridia Josiah Ritchie Froulju # Tenniser Lân Gwendoline Eastlake-Smith Alice Greene Märtha Adlerstråhle
Dûbeld Manlju # Tennisers Lân George HillyardReginald Doherty Josiah RitchieJames Parke Clement CazaletCharles Dixon
Dûbeld binnenbaan Manlju # Tennisers Lân Herbert BarrettArthur Gore George CaridiaGeorge Simond Wollmar BoströmGunnar Setterwall
1908 Kategory:Olympyske Simmerspullen 1908