It Natoerpark Dúnterpen is in natoerpark fan 3,5 hektare yn de wyk Dúnterpen fan de stêd Snits.
It natoerpark Dúnterpen is in saneamde ekologyske grienfoarsjenning. It park is yn twa fazes oanlein op de lokaasjes: Faze 1: Keizersmantel en Gele Lis Faze 2: Keizersmantel, Wylgeroaske, Lisdodde, Zilverschool en Tûzenblêd
Yn it park steane meardere bysûndere of seldsume planten as de reidorchis, pykjeblom, eachkrûd en haverine. Sintraal yn it park leit in grutte wetterpartij. Troch it park rint in wannelrûte, mei boarterstastellen, en in fytspaad. It park is op 19 july 2005 iepene.
Kategory:Park yn Snits Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2005