thumb|Logo Connexxion thumb|It stasjon yn 2012 It Busstasjon Snits is it sintrale busstasjon fan Snits en stiet oan Kanaalstrjitte fuort neist treinstasjon Snits.
It hjoeddeiske busstasjon, type perronbusstasjon, is yn 1984 iepene op in lokaasje dêr't al foar 1938 bussen stald waarden.
It stasjon hat 8 haltes dêr't ferskate streek-, steds- en belbussen halt hâlde. It stasjon hat in remize (inkele hûnderten meters fierderop), in oerdekte wachtromte, in blommestâl, iepenbier toilet, busparkearterrein en in dynamysk ynformaasjepaniel.
Linen Alle ûndersteande konsesjes binne gund oan Connexxion.
Konsesesje Noard- en Súdwest-Fryslân Line Tsjinstregeling 33 Snits - Winsum - Frjentsjer 42 Snits - Spannenburch - De Lemmer (- Emmeloard) 45 Snits - Balk - Himmelum 46 Snits - Aldegea - Snits 47 Snits - Balk - Riis - Himmelum 93 Snits - Mantgum - Ljouwert 94 Snits - Reduzum - Ljouwert 98 It Hearrenfean - Snits - Makkum 99 It Hearrenfean - Snits - Harns 198 It Hearrenfean - Snits - Boalsert (spits) 199 It Hearrenfean - De Jouwer - Snits - Boalsert - Harns (jûn)
Lijn Tsjinstregeling 235 Snits - Offenwier - Wommels 235 Snits - Offenwier - Wommels 239 Snits - Drylts - Parregea - Ferwâlde
Lijn Tsjinstregeling 761 Stasjon Snits - Easthim (Allinnich nei 22:00 oere jûns) 768 Stasjon Snits - Reahûs
Fan dit stasjon ôf fertrekt yn de Snitswike ek de Snitsermarbus (line 38).
Keppeling om utens Haltesteat op website Connexxion
Kategory:Bouwurk yn Snits Kategory:Ferfier yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 1984 Kategory:Bouwurk yn Snits (gemeente) Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân