It Joadsk Monumint yn Drachten (gemeente Smellingerlân) is in graniten skulptuer, dy't út 14 ôfkapte pylderkes fan ûngelikense lingte bestiet. Eltse pylder hat de namme fan in Joadsk oarlochsslachtoffer en in goudkleurige davidstjer.

Beskriuwing De ôfkappe pylders symboalisearje de ôfbrutsen libbens fan 14 Joadske ynwenners fan Drachten dy't yn de Twadde Wrâldkriich ombrocht binne. De ferskillende lingtes jouwe de âldens fan de slachtoffers oan. De pylders sitte deun tsjin elkoar oan om út te drukken dat de slachtoffers yn de konsintraasjekampen steun by elkoar sochten.

It ûntwerp is fan sjoernalist Hotze Rusticus (Ljouwert, 1927) en is útfierd troch stienhouwerij Cuperus út Drachten. It monumint stiet yn it Van Haersmapark oan de Stasjonswei yn Drachten. It is op 19 april 2001 ûntbleate troch Herman Zilverberg, in oerlibbene fan mear as ien konsintraasjekampen.Joods monument Drachten: Geschiedenis

Keppelings om utens Webside Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie Gemeente Smellingerlân Sjoch ek Digitaal Monumint Joadske Mienskip yn Nederlân

Kategory:Joadsk monumint yn Fryslân Kategory:Oarlochsmonumint yn Fryslân Kategory:Monumint yn Smellingerlân Kategory:Keunstwurk yn Smellingerlân Kategory:Keunstwurk út 2001