De miente wie yn midsiuwsk Fryslân in groep ynwenners dy't in eigen hiem hienen. E. Engelsma (2010), "De Grote Friese Oorlog, side 9''. It waard ek wol as mienskar of mandeskar oantsjut. De grytman waard by de rjochtspraak faak bystien troch de "miente" of "miene miente", dat wiene besitters fan stimrjocht. Yn de stêden wie er in riedjouwend bestjoerslichem dy't út gâns de boargerij yn stêden bestie en letter fertsjintwurdige troch de foarnaamsten, ryksten en meast ûntwikkelden.Histoaryske wurdboeken Nederlânsk en Frysk ''De Geïntegreerde Taalbank
Yn it easten fan Nederlân hiet sa'n bestjoersfoarm in "marke".
It wurd "gemeente", "gemiente" yn ferâldere foarmHistoaryske wurdboeken Nederlânsk en Frysk, is fan it wurd "miente" ôflaat.
Sjoch ek Rottige Meente
Kategory:Midsiuwsk rjocht Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Fysyske geografy